Horror: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
[[]]
Rigel 1:
[[File:Paul Gustave Dore Raven1.jpg|right|thumb|200px|In yllústraasje fan [[Edgar Allan Poe|Poe]] syn ''[[The Raven]]'', troch [[Gustave Doré]].]]
'''''Horror''''' (fan it [[Ingelsk]]e, oarspronklik út it [[Latynsk]] ôfkomstige wurd foar "ferskrikking" of "ôfgriis") is in [[sjenre]] yn 'e [[literatuer]] en [[film]] wêrby't it de bedoeling fan 'e [[skriuwer]] of [[regisseur]] is om 'e lêzers/sjoggers bang of kjel te meitsjen en gefoelens fan eangstme en/of ôfgriis by har op te roppen troch in grizelige sfear te skeppen. Horror kin boppenatuerlike eleminten of wêzens befetsje (lykas [[fampier]]en, [[spûk]]en of [[somby]]s), mar dat hoecht net, want in geastlik steurde [[searjemoardner]], om mar in foarbyld te neamen, kin sûnder beswier deselde rol ferfolje. As der al boppenatuerlike eleminten yn it ferhaal foarkomme, skoarret horror dêrmei hiel deun oan tsjin in oar sjenre, nammentlik [[fantasy (sjenre)|fantasy]]. Gauris kin de ferskrikking dy't it mulpunt fan in horrorwurk foarmet, ynterpretearre wurde as in [[metafoar]] foar de bredere eangstmen fan in maatskippij as gehiel.
 
==Skiednis==