Blomlêzing: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
[[]]
Rigel 1:
In '''blomlêzing''' is in [[literatuer|literêre]] term foar in samling fan 'e moaiste en bêste stikken út 'e [[poëzij]] of [[proaza]] fan in beskaat literêr mêd. Synonimen binne '''antology''' (fan it [[Gryksk]]e ''anthologia''), '''florilegium''' ([[Latyn]] foar "blomlêzing") en '''analekta''' (Gryksk foar "útlêzen stikken"). Yn it [[Nederlânsk]] kaam it wurd ''bloemlezing'' yn 'e [[achttjinde iuw]] yn 'e mode as letterlike [[oersetting]] fan it Grykske ''anthologia''; foartiid brûkte men al wol de oantsjutting ''bloemkrans''. Ut it Nederlânsk wei waard it Fryske 'blomlêzing' oernommen.
 
Blomlêzings besteane yn 'e regel út wurk fan mear as ien [[auteur]], mar it is ek mooglik dat se út it oeuvre fan ien skriuwer gearstald binne. Se kinne wurk omfiemje út in beskate (literêre) perioade, fan in beskate literêre streaming of fan in beskaat [[sjenre]]. Ek kinne se tematysk fan aard wêze. Der wurdt ornaris keazen foar it bêste wurk fan in auteur, mei as beheining dat de smaak fan 'e gearstaller, de saneamde '''blomlêzer''', fansels beskiedend is foar de gearstalling. Dêrfandinne dat blomlêzings in rol spylje by de foarming fan literêre kanons. By tematyske blomlêzings komt it trouwens ek faak foar dat skriuwers spesifyk frege wurde om dêrfoar in [[koart ferhaal]] of [[gedicht]] oan te leverjen. Yn sokke gefallen hoecht it fansels net om it bêste wurk fan 'e oangeande skriuwer te gean.
 
{{boarnen|boarnefernijing=