De Twa Tuorren: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L + foarside
L fotoredaksje
Rigel 1:
{{Literatuer
| ôfbylding = Westra - De Twa Tuorren.jpg
| ôfbyldingstekst = ([[Omslach]]ûntwerp troch R.P. Peters te [[Waaksens (Littenseradiel)|Waaksens]] <br>op basis fan [[foto]]keunst troch Maartje Roos.)
| ôfbyldingsbreedte = 200px
| titel = ''De Twa Tuorren''
Rigel 30:
==Eftergrûn==
Ofsjoen fan in prolooch en seis mânske taheakken bestiet ''Master fan Alle Ringen'' út seis "boeken". ''The Two Towers'', dat útjûn waard op [[11 novimber]] 1954, omfettet de beide middelste "boeken". De titel is in kompromis, it iennichste dat Tolkien betinke koe dat beide "boeken" beflapte. De ynhâld ferskilt nammentlik frijwat. Boek III docht ferslach fan 'e oarloch tsjin 'e ferriederlike tsjoender Saruman, dy't troch it kwea ferlaat is, wylst Boek IV it lyktidich plakfinende ferhaal fertelt fan 'e tocht fan Frodo en Tabe nei Mordor. (Yn syn film ''The Lord of the Rings: The Two Towers'' skafte Peter Jackson dy onhandige lykstrekige ferhaalopbou trouwens ôf.)
[[File:Tolkien 1916.jpg|left|thumb|180px160px|[[John Ronald Reuel Tolkien]] yn [[1916]].]]
 
Foar de beide tuorren út 'e titel hie Tolkien karút: út [[brief|brieven]] oan syn [[útjouwer]] [[Rayner Unwin]] docht bliken dat er it yn him omgean litten hat om harren oan te tsjutten as Orthanc en Barad-dûr, of as Minas Tirith en Barad-dûr, of as Orthanc en de Toer fan Cirith Ungol. Letter tekene er lykwols eigenhandich in omslachyllústraasje dy't it pear identifisearre as Minas Morgul en Orthanc.
Line 42 ⟶ 43:
{{Plotbedjer}}
Dy oarken, dy't yn 'e tsjinst steane fan 'e ta it kwea ferlate tsjoender Saruman, witte de râne fan it wylde wâld fan Fangorn te berikken, mar krekt foar't se ûntkomme kinne, wurde se dêr omsingele en ferdylge troch in ôfdieling ruters fan Rohan. Yn 'e gaos fan it gefjocht witte Merten en Pepyn yn harren elvemantels, dy't it each ferrifelje, nei it wâld ta fuort te glûpen. Dêr moetsje se de [[int (mytysk wêzen)|int]] Beamburd, in beammige reus mei wa't se befreone reitsje. Se fertelle him wat harren oerkommen is en dat ferhaal blykt krekt de drip te wêzen dêr't de amer fan oerrint. De oarken fan Saruman kapje der nammentlik yn it lêstoan mar yn it wylde wei yn om yn Fangorn, ta grutte grime fan 'e inten. Mar mei it nijs dat Merten en Pepyn him bringt, beslút Beamburd dat it no einlings en te'n lêsten tiid wurdt om Saruman tsjin te hâlden; hy ropt in gearkomste fan inten byinoar en oertsjûget de oaren fan syn gelyk. Mei Merten en Pepyn by harren sette de inten ôf nei Saruman syn bolwurk te Isengard.
[[File:Westra - De Twa Tuorren (hiele stofomslach sûnder tekst).jpg|right|500px|thumb|De hiele [[omslach]] fan 'e [[Frysk]]e [[oersetting]], in ôfbyld makke troch [[fotografe]] Maartje Roos.]]
[[File:Tolkien 1916.jpg|left|thumb|180px|[[John Ronald Reuel Tolkien]] yn [[1916]].]]
 
Aragorn, Legolas en Gimli treffe ûnderwilens de Rohirrim dy't de oarken ferdylge hawwe, en dy't oanfierd wurde troch Éomer, de omkesizzer fan 'e Rohander kening Théoden. Dy fertelt harren dat hy en syn mannen taal noch teken fan 'e beide hobbits sjoen hawwe, mar oan 'e râne fan Fangorn wit Aragorn hobbitprinten te ûntdekken, dy't it wâld yn liede. Hy en syn beide maten folgje dat spoar en moetsje dan in âldman wêrfan't se earst miene dat it Saruman is, mar dy't letter Gandalf blykt te wêzen. De tsjoender Gandalf wie de liedsman fan harren selskip, dy't yn 'e Minen fan Moarje by in gefjocht mei in demoanyske balroch yn in djippe kleau fallen is en dy't se sadwaande dea waand hiene. Mar Gandalf fertelt harren no dat er ynstee troch fjoer en wetter en hichte en djipte gien is om lottere en grutter as tefoaren wer foar 't ljocht te kommen.
Line 49 ⟶ 50:
 
As se dêr oankomme, ûndekke se dat dat ûnnimber achte bolwurk fan Saruman al ynnommen is troch de inten, dy't it ûnderrinne litten hawwe troch in daam yn 'e rivier de Isen troch te stekken, en koarte metten makke hawwe mei it oarkegarnizoen dat Saruman efter de hân holden hie. Saruman is no in finzene yn Orthanc, syn eigen toer, dêr't ek Gríma Wjirmtonge beskûl socht hat. Aragorn-en-dy wurde te Isengard weriene mei Merten en Pepyn. Gandalf biedt Saruman noch de kâns om berou te toanen en fan syn wegen werom te kearen, mar Saruman stegeret him heechkroppich ôf en wurdt sadwaande út 'e Oarder fan 'e Tsjoenders en de Wite Rie setten. Gríma smyt in swier ding út it finster, mar mist Gandalf; it ding wurdt oppakt troch Pepyn en blykt ien fan 'e seldsume ''palantíri'' of "sjochstiennen" te wêzen. No't er it ding ienris beetkrigen hat, kin Pepyn de rop derfan net wjerstean. Hy sjocht deryn en wurdt dan ûnderfrege troch Sauron, mar wit dy besiking ûnskansearre te oerlibjen. Om in eachje op him te hâlden nimt Gandalf him dêrnei mei as er ôfset nei Minas Tirith, de haadstêd fan Gondor, om dêr tariedings te meitsjen foar de grutte oarloch tsjin Mordor dy't op kommendeweis is. Aragorn, Legolas, Gimli en Merten bliuwe efter yn Rohan, dêr't kening Théoden de meunstering fan syn leger begjint by wize fan risselwaasje om Gondor te help te kommen.
[[File:Liuwe Westra op 'e Tsjommer toer (foto Maartje Roos).jpg|left|200px|thumb|[[Oersetter]] [[Liuwe Westra]] op 'e [[tsjerke]][[toer]] fan syn berteplak [[Tsjom]]. <br><small>(Foto: Maartje Roos)</small>]]
 
===Boek IV===