Profeet: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L kat + boarnen
L synonimen
 
Rigel 1:
In '''profeet''' of '''sjenner''' is in persoan dy't, yn it ramt fan in beskaat [[leauwe]], úthâldt dat hy (of sy; yn dat gefal in '''profetesse''' of '''sjenneresse''') yn kontakt stiet of stien hat mei it boppenatuerlike of it godlike, en dêrfoar sprekt. Hy foarmet sa in brêge of in midsman tusken de minskheid en de goadewrâld, en bringt dêrby gauris nijwûne of nijfûne kennis oer fan syn boppenatuerlike patroan oan 'e leauwenden. Syn boadskip wurdt dan in profesije neamd.
 
It wurd "profeet" komt fan it [[Gryksk]]e προφήτης, ''profētēs'', dat "abbekaat" betsjut. Yn 'e rin fan 'e skiednis hawwe der profeten fan withoefolle religyen west, mar wêr't yn 'e Westerske kultuer ornaris oan tocht wurdt by it hearren fan it wurd "profeet", binne de [[bibel]]ske profeten fan it [[joadendom]] en it [[kristendom]], lykas [[Elía]], [[Eliza (profeet)|Eliza]], [[Jesaja (profeet)|Jesaja]], [[Jeremia (profeet)|Jeremia]] of [[Jona (profeet)|Jona]]. Yn 'e [[islam]]ityske kontekst wurdt mei "profeet" almeast tsjutten op [[Mohammed]], al erkent de islaam njonken him ek noch in hiele rige eardere profeten dy't ek yn it joadendom en it kristendom foarkomme, sij it ûnder arabisearre nammen, lykas Ilyas (Elía), Al-Yasa (Eliza) en Yunus (Jona). Ek yn it âlde Grikelân, yn [[Midden-Easten|Middeneastlike]] godstsjinsten as it [[soroästrisme]] en it [[mandeïsme]], en yn 'e lânseigen religyen fan [[Afrika]] en [[Noard-Amearika|Noard-]] en [[Súd-Amearika]] komme profeten foar. Yn [[Aazje|Aziatyske]] godstsjinsten besteane foar sokke religieuze foaroanmannen yn 'e regel oare termen, lykas [[boeda]] ([[boedisme]]), ''[[sadhu]]'' of ''[[yogi]]'' ([[hindoeïsme]]) of [[goeroe]] ([[sikhisme]]).