Achab fan Israel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
No edit summary
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 2:
'''Achab''' ([[Hebriuwsk]]: אַחְאָב, Aẖ'av , "broer fan de heit"; [[Gryksk]]: Αχααβ, [[Latynsk]] Achab) wie fan ± 871 oant ± 852 f. Kr. kening fan Israel en neffens it [[Alde Testamint]] de opfolger fan kening [[Omry fan Israel|Omry]]. Achab troude om politike redenen mei [[Izébel (bibelsk persoan)|Izébel]], de dochter fan kening Etbaäl fan Sidon.
 
Under it bewâld fan Achab makke Israel in bloeiperioade troch. Hy liet stêden fersterke en in paleis bouwe, dêr't in soad ivoar yn ferwurke waard. De relaasjes mei it rike Fenicië[[Fenysje]] brocht ekonomyske foardielen en ek de relaasje mei it keninkryk Juda ûnder [[Josjafat fan Juda|Josjafat]] wie, nettsjinsteande de religieuze ferskillen, goed tanksij in strategysk houlik fan Achab's dochter Atalja mei kroanprins Joaram fan Juda.
 
== Achab en Izébel's ferearing fan Baäl ==
Mar Achab wie ek in kening dy't net trou wie yn it leauweleauwen oan de God fan Israel. Dêryn wie de kening net unyk, mar hy wie neffens 1 Keningen 16:30 op dat mêd slimmer as al syn foargongers. Troch syn houlik mei de Fenicyske Izébel fan Tyrus liet de kening op grutte skaal ôfgoaderij yn it ryk ta. De hearsksuchtige Izébel hie in grutte ynfloed op de kening en wie de driuwende krêft efter it fersprieden fan fan de Baälkultus yn Israel. Baäl wie de sinnegod en syn frou Astarte de goadinne fan de natûr en de oanhingers makken harren skuldich oan timpelprostitúsje en it offerjen fan bern. Achab stie it ta dat 450 profeten fan Baäl en 450400 profeten van Asjeara op kosten fan de skatkist ûnderholden waarden <ref>1 Keningen 18:19</ref>.
 
Tagelyk makke Izébel misbrûk fan de tolerânsje troch har ôf te setten tjin de God fan Israel. Under Achab waarden profeten fan Israel fermoarde en alters ferwoastge. De profeet [[Elía]] ûntkaam lykwols oan de moardpartijen en hy foarspruts dat it lân teheistere wurde soe troch in lange droegte. Op de berch Karmel kamen de tsjinstellings ta in klimaks. Doe't Élia Achab beskuldige dat de kening mei syn belied it lân yn it ûngelok stoartte, dage de profeet de kening út om de profeten fan Baäl en Asjeara op te roppen om op de berch Karmel te sjen wa't de wiere God tsjinne. Nei't Elía it folk liet sjen dat de God fan Israel machtiger wie as Baäl en Asjeara, rôp er de Israeliten op om ôf te weven mei de profeten fan Baäl en Asjeara. Dy waarden troch it folk finzen nommen en by de beek Kisjon deade.
Rigel 15:
De ein fan kening Achab kaam doe't Israel en Juda besochten de stêd Ramot yn Gileäd op Aram werom te feroverjen. By dizze slach hie kening Achab him net as kening klaaid. Dat brocht betizing, want de kening fan Aram hie opdracht jûn om harren pylken earst op de kening fan Israel te rjochtsjen. De striders tochten ynearsten dat kening Josjafat fan Juda de kening fan Israel wie, mar hja krigen op'e tiid troch dat hy net de kening fan Israel wêze koe. Achab waard dochs noch deade troch in strider dy't op gelok de kening wist te reitsjen mei in pylk.
 
Tidens de striid slagge it de ferwûne kening net op in feilige plak te kommen en wylst hy yn syn striidwein stie, blieddebliede de kening dea. De kening waard yn Samaria begroeven en it bloed fan de kening yn de striidwein waard der by in wetterbekken útspield. Lykas de profeet Elía foarsein hie slikten de hûnen by it wetterbekken syn bloed op.
Achab waard opfolge troch de soannen [[Achazja fan Israel|Achazja]] en [[Joaram fan Israel|Joaram]],. Oan it bewâld fan it hûs fan Achab dy'tkaam oantmei de opstân fan Jehû unyn 842it f. Kr.jier regearden842 oerfoar IsraelKristus in ein.<ref>1 Keningen 22:29-40</ref>
{{boarnen|boarnefernijing=
* 1 Keningen 16-1 Keningen 22; 2 Kroniken