Súdafrikaanske Republyk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
Pierlala (oerlis | bydragen)
Rigel 64:
 
=== Anneksaasje ===
Yn 1871 waard [[Thomas François Burgers]] ta presidint fan de Súdafrikaanske Republyk keazen, mar yn dizze tiid wie de Transfaal noch hieltyd, yn tsjinstelling ta de Oranje Frijsteat, in frij rommelich organisearre steat en in lân sûnder gearhing. It wie ek de tiid dat it Britske regear fan [[Benjamin Disraeli]] beslêtbesleat dat der in Súdafrikaanske federaasje, ûnder Britsk bewâld, komme moast, wêrby’t de beide boererepubliken gearfoege wurde moasten. De [[diamant]]fynsten by [[Kimberley (Súd-Afrika)|Kimberley]] yn de Oranje Frijesteat moatte hjir net los fan sjoen wurde.
 
Presidint Burgers besike it gefaar te kearen troch bannen op te bouwe mei oare machten, bygelyks Nederlân en Portegal, en plannen te meitsje foar in treinferbining nei de Portegeeske haven yn Lourenço Marquez, it hjoeddeiske [[Maputo]]. Dit wie it Britske regear min nei de sin en mei gebrûk fan it feit dat Burgers in relative bûtensteander wie dy’t fan de konservative rûnte yn de republyk net in soad stipe krige, stjoerde [[Londen]] op [[20 jannewaris]] [[1877]] [[Sir Theophilus Shepstone]] nei Pretoria om oer it sear yn petear te gean. Mar ynstee dêrfan rôp hy de anneksaasje ôf, de wiken dêrnei wie de sitewaasje yn it lân foar de measte minsken net klear.