Moard: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije side
 
L +synonym
Rigel 1:
[[File:DSC08146_-_Milano_-_Caino_e_Abele_-_Statua_del_Duomo_-_Foto_Giovanni_Dall'Orto_-_18-jul-2003.jpg|right|200px|thumb|De moard fan [[Kaïn]] op syn broer [[Abel]], neffens de [[Bibel]] de earste moard út 'e skiednis fan 'e minskheid (byld by de [[katedraal|dom]] fan [[Milaan]]).]]
'''Moard''' is it ûnwettich, mei opsetsin en mei foarút fêststelde bedoeling deadzjen fan in oare [[minske]]. Hoewol't de term yn 'e folksmûle foar in breder ferskaat oan betsjuttings brûkt wurdt, is it beëinigjen fan it libben fan in oar wetlik sjoen inkeld moard as men ek wier-wier yn 't foar de bedoeling hie om dat te dwaan. De faak oanhelle termen "moard út willemoed" of "in willensmoedse moard" (sûnder mis better bekend yn 'e [[Nederlânsk]]e foarm ''moord met voorbedachten rade'') is dus eins in [[pleönasme]], mei't willemoed (bedoeling) al yn 'e oantsjutting "moard" besletten leit. Op moard stiet ûnder it [[Nederlân]]sk strafrjocht in [[finzenisstraf]] dy't oprinne kin oant [[libbenslang]] (wat yn 'e praktyk nea langer is as 30 jier). Foar moard tusken [[misdie|kriminelen]] ûnderling sprekt men gauris fan in '''likwidaasje'''.
 
==Underskie mei soartgelikense misdriuwen==