Destroyer (roman): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Rigel 57:
Yn tûzen hasten sette Bren en syn fjouwer liifwachten op ''mecheiti'', de noartske [[ryddier]]en fan 'e atevi, ôf yn efterfolging fan 'e dryste jonge en syn ûnbelearde liifwachten. Deunby de grins mei Taiben helje se harren einlings yn, frijwol tagelyk mei ferskate [[slûpmoardner]]s yn 'e tsjinst fan 'e Kadigidi. Bren syn liifwachten binne lykwols better treend as de measten en troch harren twa jier lange reis op 'e ''Phoenix'' beskikke se oer avansearre apparatuer dy't op 'e planeet hielendal net iens bestiet. Sadwaande kinne se fluch mei de Kadigidi ôfweve, wêrnei't se fierder ride nei Taiben en it boadskip fan Ilisidi en Tatiseigi oerbringe. Cajeiri en syn liifwachten ûnder de beskerming fan 'e Taibeni efterlittend, ride se dan mei in lyts tropke Taibeni-houtfêsters dy't de grins mei it lân fan 'e Atageini bewekken, werom nei Tirnamardi. Underwilens is it [[nacht]] en wer [[dei]] wurden en by nacht hawwe se yn 'e rjochting fan Tirnamardi in grutte [[brân]] waarnommen.
 
As Bren-en-dy Tirnamardi berikke, is it wer nacht. It docht bliken dat de bûtenpleats, dy't datearret út in tiid dat oanfallen mei [[kanon]]nen de noarm wiene, ien nacht fan gefjochten mei de Kadigidi trochstien hat. It waarnommen fjoer wie de meicheitimecheiti-[[stâl]], dy't ôfbrând is. Underwilens leit de bûtenpleats fannijs ûnder oanfal, en Bren en syn liifwachten, stipe troch de Taibeni dy't mei harren kommen binne, smite harsels daliks yn 'e striid. Der ûntbrânt in guerrilja-eftich gefjocht tusken de kreas snoeide [[hage]]n en op 'e koart meande [[gazon]]s fan Tirnamardi, dat de hiele fierdere nacht oanhâldt, oant tsjin 'e moarn de hoefslach fan in grutte groep ''mecheiti'' de oankomst fan Keimi fan Taiben en syn mannen oankundiget en de Kadigidi har ferstannigernôch weromlûke. ''Destroyer'' einiget as by it ljocht fan 'e [[moarnsdage]] ien fan 'e Taibeni ôfstiget en by neier ynsjen dochs gjin Taibeni blykt te wêzen: Tabini-''aiji'' is weromkeard út [[ballingskip]].
 
{{boarnen|boarnefernijing=