Josjía fan Juda: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Rigel 3:
 
== Bibelske skiednis ==
Yn tsjinstelling ta syn heit dy't him oerjûn hie oan [[heidendom|heidenske]] praktiken, folge Josjía yn alles it foarbyld fan syn foarfaar David. Der begûn er mei doe't sechtjin waard. Fjouwer jier letter makke hy in ein oan de offerhichten, de Asjearapeallen en de talrike bylden fan ôfgoaden yn Jeruzalim en Juda. De kening joech dêr net allinnich opdracht ta, mar holp sels ek by it stikken slaan fan bylden. It pún waard oer de grêven van dyjingen dy't der offers oan brochten struid <ref>2 Kroniken 34:3</ref> en yn de delling fan de Kidron stoart, dêr't argeologen yn ús tiid tal fan bylden fan ôfgoaden opgroeven hawwe.<ref>http://www.bijbelseplaatsen.nl/plaatsen/A/Afgoden%20gedumpt/939/</ref>
 
[[File:Josiah.gif|thumb|left|250px|Josjía wurdt de wet foarlêzen (Gravuere Julius Schnorr von Carolsfeld (1794-1872)]]
Rigel 12:
Yn de tiid fan Josjía waard ek in begjin makke oan it sammeljen en redigearjen fan de bibelske geskriften ta ien wurk. Dit waard benammen troch de profeet [[Jeremía (profeet)|Jeremía]] oantrune en yntinsivearre. Lokale goaden en godstsjinsten ferlearen harren belang. De redaksje fan de Bibel waard yn de tiid fan de Babyloanyske ballingskip foltôge.
 
Doe't de farao fan Egypte Assyrje militêr helpe woe tsjin it Nij-Babyloanyske[[Nijbabyloanyske Ryk]] en mei syn leger troch Juda nei de Eufraat teach, bemuoide Josjía him ek mei it konflikt. Josjía woe de farao tsjinhâlde, ek al makke de farao dúdlik dat it net Juda wie dêr't hy mei fjochtsje woe. Yn'e flakte fan Megiddo foel Josjía it Egyptyske leger dochs oan en rekke tidens dy slach slim ferwûne. De kening waard nei Jeruzalim brocht. Dêr stoar Josjía en waard er begroeven by syn foarfaars.<ref>2 Keningen 22-23</ref><ref>2 Kroniken 34-35</ref>
 
== Sjoch ek ==