Tiny Mulder: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije Side: '''Libben en wurk'''
Tiny Mulder waard berne yn Beetstersweach. As bern wenne se op ferskate plakken bûten Fryslân, mar it langst yn Assen. Yn it 'kwartet foar Assen' (1968), hat s...

Alle ynhâld fan de side weismiten
Rigel 1:
'''Libben en wurk'''

Tiny Mulder waard berne yn Beetstersweach. As bern wenne se op ferskate plakken bûten Fryslân, mar it langst yn Assen. Yn it 'kwartet foar Assen' (1968), hat se har tiid dêr dichterlik ferwurde. Doe't se trettjin jier wie, ferhuze de famylje Mulder nei Drachten. Tiny learde doe Frysk praten, foar lêzen en skriuwen folge se in kursus. Se gyng yn Drachten nei de mulo en letter yn Ljouwert nei de hbs. Doe't Tiny Mulder njoggentjin jier wie, briek de Twadde Wrâldoarloch út. Nei har eineksamen hie se graach de sjoernalistyk yn wollen, mar troch de tiidsomstannichheden slagge dat doe net. Se krige wurk op it gemeentehûs fan Smellingerlân en letter by dyselde gemeente op it distribúsjekantoar, dêr't Piter Wybenga, ien fan de lettere lieders fan de Fryske yllegaliteit, har sjef waard. Yn 1942 frege dy har om mei te dwaan yn syn fersetsgroep. Se hoegde net lang nei te tinken om ta te sizzen.As fersetsfrou holp se alliearde piloaten, socht se ûnderdûkadressen foar joadske minsken en die se fierder wat der op har wei kaam.
Krekt nei de oarloch kaam Tiny Mulder as sjoernaliste yn tsjinst by it Friesch Dagblad, en tagelyk hat se doe in skoftlang wurke as tolk foar it militêr gesach. Se hat fjirtich jier, yn dieltiid, by it FD wurke en yn dy tiid ûnderskate fasetten fan it sjoernalistike fak beoefene. Foar guon regionale kranten wie se korrespondint yn Ingelân en Skotlân, letter hat se datselde ek noch dien yn Amearika, Kanada en Denemarken. Yn 1949 troude se mei kollega-sjoernalist by de Leeuwarder Courant Jildert Sudema (1923-1998), tegearre krigen se twa bern.
Begjin jierren fyftich hat Mulder foar it FD de bernerubryk 'Us eigen herntsje' opset en lange jierren fersoarge.Yn de jierren santich en tachtich skreau se foar dy krante twatalige kollums mei in sjoernalistike ynslach 'Ventweg' en 'Midstwa'. Tiny Mulder is yn 1985 opholden mei it sjoernalistike wurk.

'''Poëzy'''

Op it literêre mêd hat Tiny Mulder op in breed front warber west. Se dichte, skreau ferhalen en twa romans, berneboeken, harkspullen en in bondel mei fraachpetearen Hwer hast it wei? (1971). Fierders hat se oersettings makke fan toanielstikken en fan berneboeken. Se die radiowurk, foar de RONO (Regionale Omroep Noord en Oost) holde se boekbesprekken en se resinsearre lange jierren boeken foar it Friesch Dagblad.
As dichteres debutearre se yn 1948 yn De Stim fan Fryslân mei it fers Unaryske fersen. Har earste publikaasje yn boekfoarm wie It boek foar de Fryske bern (1954), in boek mei gedichten, riedselrymkes, lietsjes en ferhalen, dat se tegearre mei Jant Visser-Bakker skreau en dêr't Diet Huber tekeningen by makke.
Har earste fersebondel Oranje paraplu kaam út yn 1962, yn 1965 folge troch de bondel Viadukt. De bondels wiene it begjin fan in grut tal fersen dy't fan de hân fan Tiny Mulder ferskine soene, de measte binne publisearre yn it literêr tydskrift De Tsjerne.Yn 2001 is har dichtwurk útbrocht yn de sammelbondel Bitterswiet, by gelegenheid fan de tachtichste jierdei fan de dichteres. De bondel hat de namme krige fan it nei alle gedachten meast ferneamde fers fan Mulder, it fers 'Bitterswiet' dat yn 2001 ûnderwerp wie fan in projekt fan Omrop Fryslân en it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum. Dat projekt hie as útgongspunt om it fers 'Bitterswiet' yn safolle mooglik oare talen oersette te litten, dat binne der úteinliks 82 wurden. De fersen binne útjûn yn in bondel mei de titel fan it fers, 55 oersettings wurde foarlêzen op in byhearrende cd.
Faak weromkommende tema's yn it wurk fan Tiny Mulder binne har fassinaasje foar skeppingsprosessen.Yn de syklus Oh in stêd, ah in lân is dat it skeppen fan in bestean fan minsken dy't ûnder ûngeunstige omstannichheden in bestean beskreppe moatte. Ut in grut tal poëtikale fersen docht har niget bliken oan it skeppingsproses dat it meitsjen fan poëzy is.

'''Proaza'''

Tiny Mulder hat twa romans yn it ljocht jûn. De bekendste, Tin iis, ferskynde yn 1981. Har twadde roman, In moaie leeftyd, yn 1991. Fan Tin iis kaam yn 1987 in Hollânske oersetting út ûnder de titel Gevaarlijk ijs.
De roman Tin iis wie oarspronklik bedoeld as jongereinboek, mar de wurdearring fan folwoeksenen foar it boek wie sa grut, dat de twadde printinge as roman presintearre waard.
Yn it boek beskriuwt Mulder har eigen ûnderfinings as koerierster yn de oarloch, mar it is ek in earbetoan oan har heit en mem dy't in joadsk famke ûnderdak joegen. Bysûnder oan it boek is, dat it it wjerfarren fan froulju yn it ferset beskriuwt. En tagelyk de moed fan al dy húsfroulju en memmen dy't joadske bern yn 'e hûs opnamen en dy't de soarch hiene foar ien of mear ûnderdûkers. It boek waard mear as tweintich jier nei it ferskinen noch altyd goed ferkocht, de Fryske útjefte is al fiifris werprinte en ek de Hollânske oersetting wie tige suksesfol.

'''Berneboeken'''

Yn it earste berneboek dêr't Tiny Mulder oan meiwurke, It boek foar de Fryske bern (1954), stiene op tradisjonele wize skreaune lietsjes, rymkes en ferhaaltsjes. Dat yn tsjinstelling ta har solodebút Juffer Kuorkebier (1957), in boek mei lichte en boartlike bernepoëzy, ynspirearre troch û.o. de Helgolanner auteur James Krüss. Dêrnei folgen noch inkelde soartgelikense publikaasjes.

'''Oersettings'''

Njonken eigen wurk foar bern hat se ek berneliteratuer út oare talen oerset. It earste wie Mein Urgrossvater und ich fan de Helgolanner auteur James Krüss, dat ferskynde ûnder de titel Myn oerpake en ik (1962). Fan dyselde auteur publisearre se yn 1989 de oersetting fan Die Geschichte vom Huhn und vom Ei mei de Fryske titel It ferhaal fan de hin en it aai.Yn 1964 fertaalde se it ferneamde Alice's Adventures in Wonderland fan Lewis Carroll, it ferskynde ûnder de titel Alice yn Wûnderlân. De bjusterbaarlike reis fan Menear Prikkeskonk nei it boek Histoire de Monsieur Cryptogame fan Rudolf Töpffer, sette se frij oer neffens de Nederlânske oersetting fan J.J.A.Goeverneur. Yn 1993 kaam It ferhaal fan Piter Knyn út, in oersetting fan Tiny Mulder fan it bekende The tale of Benjamin Bunny fan Beatrix Potter.
Foar toaniel hat se ferskate stikken oerset, lykas ek harkspullen.

'''Ferskaat'''

Fan Tiny Mulder ferskynde yn 1998 in sammelbondel mei ferhalen ûnder de titel De bêste Fryske ferhalen. In protte ferhalen fan har wiene al earder publisearre yn û.o. De Tsjerne.
In rige fraachpetearen fan Mulder mei Fryske skriuwers waarden bondele yn in boek mei de titel Hwer hast it wei? (1971). Fierders makke se de teksten fan de 'miny-musical' 'De duvel hat syn dei', opfierd troch Roel Slofstra. De muzyk wie fan Roel Slofstra en fan syn heit Jan Slofstra, yn 1980 waard der in cd fan it programma útbrocht.
Yn 1963 skreau se it kabaret programma Der wurdt op Jo past.

'''Wurdearring'''

Trochstrings waard it wurk fan Tiny Mulder troch de kritisy posityf ûntfongen, se waard wurdearre foar har fakmanskip en persoanlike ynset.
Tusken 1958 en 1970 krige se fiif kear in Rely Jorritsma-priis foar in ferhaal, û.o. foar Nachttrein nei Chicago (1958) en foar Leaf Dinkje (1970). Dyselde priis waard har tusken 1961 en 1969 seis kear takend foar in fers.
Yn 1986 waard se foar har hiele literêre oeuvre beleanne mei de provinsjale Gysbert Japicx-priis, yn it bysûnder foar de syklus Oh in stêd, ah in lân.

'''Wurk:

Berneboeken:'''

1954 : It boek foar de Fryske bern (mei Jant Visser-Bakker)
1957 : Juffer Kuorkebier
1959 : In kibich span
1975 : De túnkabouter en oare fytmannen
1976 : 25 jaar Us eigen herntsje (2e printinge 1977)
1981 : Rare dokter Dingdong

'''poezy:'''

1962 : Oranje paraplu
1965 : Viadukt
1968 : Wite swan – swarte swan
1975 : Op slach fan tolven
1983 : Oh in stêd, ah in lân – In cyclus
1986 : Tinkskrift – samle gedichten
2001 : Bitterswiet – samle fersen

'''romans:'''

1981 : Tin iis
1987 : Gevaarlijk ijs (oersetting)
1991 : In moaie leeftyd

'''ferhalebondel:'''

1998 : De bêste Fryske ferhalen

'''ferskaat:'''

1971 : Hwer hast it wei – petearen mei skriuwers

'''prizen:

Rely Jorritsma-priis'''

1958 : foar ferhaal Nachttrein nei Chicago
1961 : foar fers beam fan it biminnen
1962 : foar fers brief encounter
1963 : foar fers nettsjinsteande
1965 : foar fers Reisboek
1966 : foar fers Ars Brevis
1967 : foar ferhaal Wykein by de Donetti's
1968 : foar ferhaal Machtich as de miggen
1969 : foar fers La mise en mots
1970 : foar ferhaal Leaf dinkje

'''Bron:'''
[http://www.tresoar.nl/mmtresoar/main/content_pagina_volledig_teaser_rechts.jsp?lang=nl&pagina=12766&stylesheet=frieseschrijvers.css Tresoar]