Regint: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
L [[]]
Rigel 3:
 
;monargy
Yn it ramt fan in [[monargy]] wie in regint yn it ferline immen dy't de [[monarch|monargale]] funksjes en weardichheid waarnaam foar it wurklike [[steatshaad]], om't dat [[minderjierrigens|minderjierrich]], [[sljochtsinnichheid|sljochtsinnich]] of om in oare reden regearingsbehindere wie. Faak wie de regint of regintesse dêrby in [[famyljelid]] fan it [[steatshaad]] (by minderjierrigens gauris de [[mem]]), lykas yn it gefal fan keninginne [[Emma fan de Nederlannen|Emma]], dy't fan [[1890]] oant [[1898]] regintesse oer [[Nederlân]] wie nei it ferstjerren fan kening [[Willem III fan de Nederlannen|Willem III]], ûnder de minderjierrigens fan har dochter [[Wilhelmina fan de Nederlannen|Wilhelmina]]. In oar foarbyld fan reginten komt út 'e [[skiednis]] fan [[Skotlân]], dêr't ûnder de [[Skotske Unôfhinklikheidsoarloggen]] ([[1296]]-[[1357]]) ferskate kearen ien of mear [[beskermhear fan Skotlân|beskermhearen]] de skepter swaaiden, yn 't earstoan om't de troan fakant wie, doe om't kening [[David II fan Skotlân]] minderjierrich wie, en letter om't er yn [[Ingelân|Ingelske]] [[kriichsfinzenskip]] rekke wie.
 
;algemien bestjoer