Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 106 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q4
red + fral oanf
Rigel 1:
[[File:Skullclose.jpg|right|thumb|150px|In [[minske|minsklike]] [[plasse (lichemsdiel)|plasse]]: it symboal fan 'e dea.]]
De '''dea''' is in net mear werom te kearen tastân dat in earder [[libben]]d wezen net langer [[groei]]t, gjin [[metabolisme]] mear hat en gjin aktive ferrjochtings mear docht krektas (sykheljen, iten, drinken, tinken, bewegingen, ...). Yn de [[genêskunde]] wurdt in minsk alhiel dea of ferstoarn beskôge as de harsensfunksjes foarfêst ophâlden hawwe. Neffens dizze definysje is it mooglik dan in noch hieltyd kloppet [[hert]] as dea beskôge wurdt, omdat it hert nammentlik fansels kloppet sûnder dat dêr funksjonearjende harsens foar nedich binne. Foar sykhelje jild dat wol, sadat immen dy't sûnder beäzeming noch wol sels sykhellet kin net [[harsensdea]] neamd wurde.
De '''dea''' (of, [[argaïsme|argaysk]]: '''dead''', fan it [[Proto-Germaansk]]e *''dauthuz'') is de tastân nei it [[ferstjerren]] fan in [[libben]] [[organisme]], wêrby't alle [[biologysk proses|biologyske funksjes]] fan dat organisme opholden binne. Der is dan gjin [[groei]], [[ferâldering]] of [[bewustwêzen]] mear, gjin [[metabolisme|spiisfertarring]] of [[bloedsirkulaasje]] en der wurde gjin aktive ferrjochtings mear útfierd, lykas [[sykheljen]], [[tinken]], [[beweging|ferwegen]], [[iten]], [[drinken]], ensfh. It [[biology]]ske proses wêrby't in libben organisame deagiet, wurdt it [[ferstjerren]] neamd. As symboal foar de dea wurdt ornaris in minsklike [[plasse (lichemsdiel)|plasse]] (skedel) brûkt. De dea wurdt yn [[literatuer]] en [[folkloare]] gauris personifisearre as de [[Seineman]] (''Magere Hein'')
 
==Oarsaken fan 'e dea==
De meast foarkommende ferskynsels dy't de dea ta gefolch hawwe, binne [[ferâldering]] (ek wol in [[natuerlike dea]] neamd); [[predaasje]] (benammen by [[bist]]en); [[sykte]]; [[malnutrysje]]; [[ûnderfieding]] of [[ferhongering]]; [[útdrûging]]; [[ferdrinking]] (ek wol de [[drinkeldea]] neamd); [[fergiftiging]] (by fersin, by ûngemakken of selsoandien, lykas troch oermjittige ynname fan [[alkohol]]); [[moard]]; [[selsmoard]]; [[eutanasy]]; en [[ûngemak]]ken wêrby't men fataal [[ferwûning|ferwûne]] rekket, lykas in [[fal]], [[elektrokúsje]], in [[ferkearsûngemak]], in [[loftfeartûngemak]], [[skipbrek]] of in [[spoarûngemak]].
 
==Soarten dea==
De dea wurdt ornaris as in ûnomkearber proses sjoen, mar dat is net alhiel wier. Yn guon spesjale omstannichheden is it tsjintwurdich foar de [[genêskunde|medyske wittenskip]] mooglik om in persoan werom te bringen út in tastân dy't net oars as 'dea' neamd wurde kin. Minsken dy't soks oerkomt, wurde oantsjut as [[klinysk dea]]. Dat is bygelyks sa by in [[hertoanfal]]. Troch flugge en kundige [[genêskunde|medyske behanneling]], lykas [[mûle-op-mûlebeäzeming]], [[hertmassaazje]] of it tatsjinjen fan in [[elektrisiteit|elektryske skok]] om it hert wer op gong te helpen, is it soms mooglik om in sa'n persoan werom te bringen.
 
Meastal binne sokke minsken mar heechút in pear [[minút|minuten]] 'wei' west, mar guon minsken dy't yn tige kâld [[wetter]] fallen en dêr 'ferdronken' wiene, binne noch wer bybrocht nei't se mear as tweintich [[minút|minuten]] ûnder wetter ferkeard hiene, wêrby't al harren biologyske funksjes ta stilstân kommen wiene. Yn sokke gefallen wurdt faak sprutsen fan in [[hast-dea-ûnderfining]], hoewol't dy oantsjutting op ûneigentlike wize ek wol losser brûkt wurdt foar in barren wêrby't men mei de skrik frijkomt.
 
As sykheljen, bewustwêzen en bloedsirkulaasje net wer op gong brocht wurde kinne, is immen [[biologysk dea]]. Yn it ramt fan 'e [[orgaandonaasje]] wurdt dat ek wol 'hertdea' neamd. Yn 'e [[genêskunde]] wurdt in minske as folslein dea beskôge as de [[harsens]]funksjes foarfêst opholden binne. Sokke persoanen wurde [[harsensdea]] neamd. Neffens dy definysje is it mooglik om mei in noch altyd klopjend [[hert]] as folslein dea beskôge te wurden, om't in hert út himsels klopjende bliuwe kin sûnder dat dêr funksjonearjende [[harsens]] foar nedich binne. Foar [[sykheljen]] binne dy lykwols àl nedich, sadat immen dy't sûnder help fan [[beäzemingsapparatuer]] noch sykhellet, net harsensdea is.
 
==Untbining==
Nei't de dea yntreden is, begjint it [[ûntbining]]sproses fan it [[lyk]] of [[kadaver]] fan it oangeande organisme, dat men by minsken faak oantsjut as it stoflik omskot. Dêrby wurde ferskate stadia trochrûn. It earste stadium is dat fan 'e ''livor mortis'' of [[lykplakken]], mei't troch it ophâlden fan 'e bloedsirkulaasje alle [[bloed]] yn it lichem troch de [[swiertekrêft]] nei de leechste lichemsdielen rint, mei as gefolch dat dy pearsblau ferklearje, wylst de rest fan it lichem lykbleek wurdt. Likernôch 1-4 [[oere]]n nei it ferstjerren begjint de ''rigor mortis'' of [[lykstiifheid]], wêrby't troch [[biogemy]]ske prosessen de [[spier]]en fan it lyk stiif wurde en dat bliuwe oant sa'n 48 oeren nei it ferstjerren. Ungefear 12 oeren nei it fertsjerren is it lyk alle [[lichemswaarmte]] kwytrekke en begjint de ''algor mortis'' of [[lykkjeld]], wêrby't it lyk de [[temperatuer]] fan syn om-en-by oannimt.
 
De [[ferrotting]] of putrefaksje fan it lyk begjint trije dagen nei it ferstjerren. Wat heger oft de [[omjouwingstemperatuer]] is, wat flugger oft dat proses ferrinne sil. Dêrby sille [[ynsekt]]en [[aai (bist)|aaien]] lizze yn it lyk, wêrnei't in pear dagen letter de earste [[maits]]en derút begjinne te krûpen. Tagelyk sille [[ies (kadaver)|iesitende bisten]] fan it lyk begjinne te fretten ynsafier't dat foar harren tagonklik is. Nei in pear [[wike]]n sil it tsjin dy tiid troch biogemyske en [[baktearje|bakteriële]] prosessen opsette lyk iepenbarste. Nei noch ferskate wiken sil it lyk amper mear as minske of bist werom te kennen wêze, en nammenste minder as der iesiters oer gear west hawwe. As de omstannichheden dêrta oanwêzich binne, kin in lyk ynstee ek útdrûgje troch in proses fan natuerlike (of keunstmjittige) [[mummifikaasje]].
 
==Ferskaat==
[[Seksueel fetisjisme]] foar minsklike [[kadaver]]s hjit [[nekrofily]] of [[nekromany]]; ien dy't dêrmei oanhelle is, wurdt in [[nekrofyl]] neamd. In [[eangstme]] foar de dea of de deaden is [[nekrofoby]]. In [[biografy]] fan in (krekt ferstoarne) deade hjit in [[nekrology]], en dy wurdt skreaun troch in [[nekrolooch]]. In grut [[begraafplak]] wurdt ek wol in [[nekropolis]] of 'deadestêd' neamd. Yn 'e [[fantasy (sjenre)|fantasy]] en [[mearke]]s is [[nekromânsje]] in foarm fan [[tsjoenderij]] dy't gebrûk makket fan 'e dea of fan deaden.
 
{{boarnen|boarnefernijing=
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Death ''References'' en ''Further reading'', op dizze side].
----
{{commonscat|Death}}
}}
 
[[Kategory:Dea| ]]
[[Kategory:Libbenssyklus]]
[[Kategory:Biology]]