Argaïsme: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
L red
Rigel 1:
In '''argaïsme''', fan it [[Aldgryksk]]e ἀρχαϊκός, ''archaïkós'' ("âlderwetsk"), is yn 'e [[taalkunde]] in [[wurd]]foarm of [[sin (taalkunde)|sinskonstruksje]] dy't as ferâldere of út 'e tiid beskôge wurdt. Foarbylden binne bgl. 'oareheit' (útspr. mei [[nijere brekking|brekking]] yn it earste [[wurdlid]]: [warə'hɔit] of [warə'hɛit], "ûarreheit") foar "pake", 'nin' foar "gjin", 'tsjirl' foar "keardel" en 'kediizje' foar "beslute". Argaïsmen komme faak foar yn [[wet]]lik, [[amtner|amtlik]] of [[bibel]]sk taalgebrûk. [[Skriuwer]]s en [[dichter]]s meitsje wolris mei sin gebrûk fan sokke foarmen, sadat it [[stylfiguer]]en wurde. Fierders komme se noch foar yn ferstienne útdrukkings, lykas yn it Frysk by 'hoe't it ek sij' en 'by dizzen', en yn it Nederlânsk by ''de vrouw des huizes'' ("de gastfrou") en ''ter sponde gaan'' ("op bêd gean"). Ek âlde en sabeare âlde [[stavering]]sfoarmen kinne foar argaïsmen oanmurken wurde. Soks komt yn it [[Frysk]] net folle foar, mar is bekend fan [[Nederlânsk]]e foarmen as ''bosch'' foar ''bos'' en ''huys'' foar ''huis''.
 
{{boarnen|boarnefernijing=