Stedsgrêft (Snits): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Mysha (oerlis | bydragen)
→‎Middelrin: Ik haw de skiednis fan de hjoeddeiske Sylsterbrêge tafoegd.
Mysha (oerlis | bydragen)
L →‎Súdrin: Ik haw wat keppelings nei brêgen makke.
Rigel 6:
 
== Súdrin ==
Fan [[de Kolk]] giet de stêdsgrêft ûnder de ''[[Lemmerbrêge|Lemmerdykbrêge'']] troch nei it súdeasten, tusken de ''[[Rienck Bockemakade'']] en de ''Balthuskade'' troch, en draait dan nei it noardeasten, tusken de ''Rienck Bockemakade'' en de ''Prinsegrêft'' nei de [[Wâldfeart]]. Dit earste part, dat yn de folksmûle ''Prinsegrêft'' hjit nei de kade dêr't it bylans rint, is groeven fan [[1492]] ôf, doe't de ''Nijstêd'' binnen de nije stêdwal brocht wurde moast.
 
Fan hjir rint it wetter fierder tusken de ''Harinxmakade'' en de ''Koopmansgrêft'', nei de ''[[Harinxmabrêge|Van Harinxmabrêge'']], en dan fierder nei it ''Heablok''. Dit part is tagelyk mei it earste groeven, om in ferbining te meitsjen tusken de Nijstêd en de ''Easterdyk''.
 
It lêste part rint fan it Heablok, tusken de ''Bothniakade'' en de ''Koopmansgrêft'' nei de ''[[Toppenhústerbrêge'']], dêr't it wetter oanslút op it [[Simmerrak]] en de [[Snitser Aldfeart|Aldfeart]]. Dit wie nei gedachten it earste part fan de âldfeart, oant de útwreiding fan 1492 ôf, dêr't de Easterdyk en it wetter besúden dêrfan binnen de stêd by brocht waarden. Dizze twa parten hjitte yn de folksmûle fan ''Koopmansgrêft'', nei de kade dêr't dy bylans rinne.
 
De súdrin hat brêgen dy't iepen kinne en kin dêrom brûkt wurde troch de plezierfeart.