Stjer: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
oanf
oanf
Rigel 20:
Stjerren binne net yn gelikense mjitte ferspraat oer it [[hielal]], mar klútsje foar it meastepart mei ynterstellêr [[gas]] en [[stof]] gear yn groepen, dy't [[stjerrestelsel (molkewei)|stjerrestelsels]] of molkewegen neamd wurde. It is lykwols in misfetting dat stjerren útslutend yn stjerrestelsels foarkomme, mei't der ferskate saneamde yntergalaktyske stjerren (yn 'e romte tusken stjerrestelsels) ûntdutsen binne. In trochinoar stjerrestelsel omfiemet hûnderten miljarden stjerren, en der binne mear as 100 miljard stjerrestelsels yn it waarnimbere (!) hielal. Yn [[2010]] waard sadwaande in skatting dien dat it tal stjerren yn it [[waarnimber hielal|waarnimbere hielal]] 300 [[triljard]] wie, of yn [[wiskunde|wiskundige notaasje]] 3×10<sup>23</sup>.
[[File:Star_life_cycles_red_dwarf_en.svg|left|thumb|300px|Skematyske werjefte fan 'e libbenssyklus fan stjerren.]]
 
==Libbenssyklus fan stjerren==
De measte stjerren binne tusken 1 en 10&nbsp;miljard jier âld, al kinne guon sels tichteby 13,7&nbsp;miljard jier âld wêze (wat neffens de kennis fan no de âlderdom fan it [[hielal]] is). It libben fan in stjer begjint mei it proses fan [[stjerformaasje]] troch de [[swiertekrêftymploazje]] fan in ynterstellêre [[gasdize]]. As stjerren har yn ús [[Molkewei]] foarmje, binne se gearstald út likernôch 71% [[wetterstof]] en 27% [[helium]], mei in fraksje swierdere [[elemint (skiekunde)|eleminten]], lykas [[izer]]. Oan 'e ein fan syn libben kin in stjer ek foar in part út [[ûntaarde matearje]] (''degenerate matter'') bestean. Wat massiver in stjer, wat koarter oft er libbet, benammentlik om't massive stjerren gruttere druk op harren kearn hawwe. Dat soarget der nammentlik foar dat se flugger harren wetterstof ferbaarne. De massivere stjerren hâlde it sadwaande yn trochsneed mar in pear miljoen jier út, wylst stjerren mei in minimale massa ([[reade dwerch|reade dwergen]]) harren branje tige stadich ferbaarne, sadat sy tsientallen oant hûnderten miljarden jierren bestean bliuwe kinne.
 
Stjerren ferbaarne harren wetterstof yn harren kearn troch [[kearnfúzje]] wêrby't wetterstof omset wurdt yn helium. Dat is in proses dat spontaan úteinset as de druk yn [[stjerkearn]] swierdernôch is. In [[byprodukt]] fan dat proses is de [[enerzjy]] dy't útstriele wurdt nei de [[romte]] yn 'e foarm fan sawol [[elektromagnetyske strieling]] (ynkl. [[sichtber ljocht]]) as [[dieltsjesstrieling]] (oftewol [[sinnewyn]]). De kleur fan in stjer (dy't bepaald wurdt troch de [[frekwinsje|pykfrekwinsje]] fan it sichtbere ljocht) hinget ôf fan 'e [[temperatuer]] fan 'e bûtenste lagen fan 'e stjer, ynkl. de [[fotosfear]]. Behalven sichtber ljocht strielje stjerren trouwens ek foarmen fan elekromagnetyske strieling út dy't ûnsichtber binne foar it minsklik each, fan 'e langste [[weachlingte]] fan [[ynfraread]], oant 'e koartste weachlingte fan [[ultrafiolet]], [[röntgenstrielen]] en [[gammastrielen]].
 
In stjer mei in [[massa (natuerkunde)|massa]] dy't 0,4 kear sa grut of grutter is as de [[sinne]], groeit út ta in saneamde [[reade reus]] as de wetterstof úteinlik oprekket. Wylst de stjer almar grutter groeit, stjit er in diel fan syn massa, ferrike mei swiere eleminten út 'e kearn, út nei de ynterstellêre romte, dêr't it letter foar nije stjerformaasjes brûkt wurde sil. Underwilens ferwurdt de stjerkearn ta in [[stellêr restant]]: in [[wite dwerch]], in [[neutroanestjer]] of, as er dêr massyf genôch foar is, in [[swart gat]].
[[File:Well-known stars.png|right|thumb|300px|Guon bekende stjerren werjûn om it ûnderlinge ferskil yn grutte sjen te litten.]]