Content deleted Content added
oanf
oanf
Rigel 82:
** [[swarte dwerch]]: in (hypotetyske) takomstige kategory stjerrerestanten, dy't fuortkomme sille út [[wite dwerch|wite dwergen]]. By de foarming is in wite dwerch tige hjit, mar yn syn kearn fynt gjin [[nukleêre fúzje]] mear plak, dus de stjer hat gjin boarne fan [[enerzjy]]. It swakke skynsel dat er dochs noch ôfjout, komt fan 'e [[emisje]] fan opsleine [[termale enerzjy]], dy't stadichwei fuortstriele wurde sil wylst de stjer fierder ôfkuollet. Uteinlik sil er hielendal gjin [[waarmte]] of [[ljocht]] mear ôfjaan en in swarte dwerch wurde. Mei't it hielal noch mar 13,7 miljard jier âld is en wite dwergen mar hiel stadich ôfkuolje, kinne swarte dwergen noch (lang) net bestean.
** [[wite dwerch]] of degenerearre dwerch: in kategory lytse stjerren dy't benammentlik besteane út [[ûntaarde matearje]]. Se binne tige [[tichtheid|ticht]]; har massa is ferlykber mei dy fan 'e sinne, wylst har folume ferlykber is mei dat fan 'e ierde. Men giet derfan út dat se it lêste evolúsjonêre stadium fan alle stjerren binne dy't in te lege massa hawwe om in [[neutroanestjer]] te wurden (mear as 97% fan 'e stjerren yn ús [[Molkwei|molkweistelsel]]). In wite dwerch kin bgl. de oerbleaune kearn wêze fan in [[reade reus]] nei't dy syn bûtenste lagen ôfstaat hat ta in [[planetêre dize]]. By de foarming is in wite dwerch tige hjit, mar yn syn kearn fynt gjin nukleêre fúzje mear plak, dus de stjer hat gjin boarne fan enerzjy. It swakke skynsel dat er dochs noch ôfjout, komt fan 'e emisje fan opsleine termale enerzjy, dy't stadichwei fuortstriele wurde sil wylst de stjer fierder ôfkuollet. Uteinlik sil er hielendal gjin waarmte of ljocht mear ôfjaan en in [[swarte dwerch]] wurde.
* [[neutroanestjer]]: in soarte fan [[stellêr restant]] dat fuortkomme kin út 'e [[swiertekrêftymploazje]] fan in massive stjer by in [[supernova]]. Sokke restantstjerren besteane frijwol folslein út [[neutron|neutroanen]]. Neutroanestjerren hawwe in massa dy't 1,35 oant 2 kear sa grut is as dy fan 'e [[sinne]]. Stellêre restanten mei in legere massa binne [[wite dwerch|wite dwergen]], en mei in hegere massa wurde it mooglik [[kwarkstjer]]ren. As se 10 oant 25 kear de massa fan 'e sinne hawwe, kin se ta in [[swart gat]] wurde.
* [[reus (stjer)|reus]]: in kategory stjerren mei in substansjeel gruttere trochsnee en helderheid as dwerchstjerren mei deselde temperatuer. Oer it algemien hawwe reuzestjerren in [[middelline]] dy't 10 oant 100 kear sa grut is as dy fan 'e [[sinne]], en in helderheid dy't 10 oant 1.000 kear sa grut is as dy fan 'e sinne.
** [[blauwe reus]]: in kategory reuzestjerren fan it [[spektrale klassifikaasje|spektrale type]] ''O'' of ''B'', besteande út massive stjerren dy't de wetterstof yn 'e kearn opbrûkt hawwe. Se hawwe in oerflakstemperatuer fan sán 30.000 [[Kelvin|K]] en in helderheid dy't 10.000 sa grut is as dy fan 'e sinne. Neigeraden dat se âlder wurde, groeie se grutter en kuolje se ôf, om úteinlik [[reade reus|reade reuzen]] te wurden.
** [[heldere reus]]: in kategory reuzestjerren dy't oan 'e boppegrins fan 'e reuzen sit, tsjin 'e [[superreus|superreuzen]] oan. Dizze klassifikaasje wurdt oer it algemien jûn oan reuzen mei in útsûnderlik grutte helderheid, dy't lykwols net helder of massyf genôch binne om foar superreuzen oanmurken te wurden.
** [[reade reus]]: in kategory fan heldere reuzestjerren fan lege of tuskenbeiden massa (likernôch 0,5 oant 10 kear de massa fan 'e sinne) yn in lette faze fan [[stellêre ûntwikkeling]]. Troch útsetting fan 'e bûtenste [[atmosfear]] is de middelline ûnbidige grut, mar de oerflakstemperatuer is relatyf leech (likernôch 5.000 [[Kelvin|K]] of leger).