Stjer: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
oanf
oanf
Rigel 87:
** [[heldere reus]]: in kategory reuzestjerren dy't oan 'e boppegrins fan 'e reuzen sit, tsjin 'e [[superreus|superreuzen]] oan. Dizze klassifikaasje wurdt oer it algemien jûn oan reuzen mei in útsûnderlik grutte helderheid, dy't lykwols net helder of massyf genôch binne om foar superreuzen oanmurken te wurden.
** [[reade reus]]: in kategory fan heldere reuzestjerren fan lege of tuskenbeiden massa (likernôch 0,5 oant 10 kear de massa fan 'e sinne) yn in lette faze fan [[stellêre ûntwikkeling]]. Troch útsetting fan 'e bûtenste [[atmosfear]] is de middelline ûnbidige grut, mar de oerflakstemperatuer is relatyf leech (likernôch 5.000 [[Kelvin|K]] of leger).
* [[subreus]]: in kategory stjerren dy't justjes helderder is as gewoane dwerchstjerren fan deselde [[spektrale klassifikaasje]], mar net sa helder as wiere reuzestjerren.
* [[superreus]]: de kategory fan stjerren mei de grutste [[massa]], dy't 10 oant 70 kear sa massyf binne as de [[sinne]] en 30.000 oant hûnderttûzenen kearen sa helder. Se hawwe in middelline dy't yn 'e regel 30 oant 500 kear sa grut is as dy fan 'e sinne, mar oprinne kin oant mear as 1.000 kear sa grut.
** [[blauwe superreus]]: in kategory superreuzestjerren fan it [[spektrale klassifikaasje|spektrale type]] ''O'' of ''B''. Se binne tige hjit en helder, mei oerflakstemperatueren fan 30.000 oant 50.000 [[Kelvin|K]]. Ek hawwe se 10 oant 50 kear de massa fan 'e [[sinne]], en middellinen fan oant 25 kear dy fan 'e sinne, mar dêrmei binne se dochs noch folle lytser as [[reade superreus|reade superreuzen]]. De bekendst blauwe superreus is [[Rigel (stjer)|Rigel]], de helderste stjer út it [[stjerrebyld]] [[Orion (stjerrebyld)|Orion]].
** [[giele superreus]]: in kategory superreuzestjerren fan it [[spektrale klassifikaasje|spektrale type]] ''F'' of ''G''. Se hawwe ornaris in massa dy't 15 oant 20 kear sa grut is as dy fan 'e [[sinne]]. De 'giele faze' is foar superreuzen in oergongsstadium yn 'e ûntwikkeling fan blauwe superreuzen ta reade superreuzen.
** [[hyperreus]]: de kategory fan 'e stjerren mei de grutst mooglike massa, fan 100 oant wol 265 kear de massa fan 'e sinne, dy't boppedat miljoenen kearen sa helder wêze kinne as de sinne. Om't se dêrtroch harren brânstof yn astronomyske termen tige fluch ferbrâne (yn mar in pear miljoen jier tiid) binne se tige seldsum.
*** [[giele hyperreus]]: in subkategory fan seldsume massive stjerren mei in grutte [[atmosfear]], dy't [[spektrale klassifikaasje|spektraal klassifisearre]] wurde kinne as ''A'' oant ''K''. Se hawwe in massa dy't 20 oant 50 kear sa grut is as dy fan 'e [[sinne]]. Giele hyperreuzen komme fuort út [[reade superreus|reade superreuzen]] en fanwegen harren ekstreem flugge opbrûken fan brânstof besteane se mar in pear miljoen jier foar't se harsels ferneatigje yn [[supernova|supernova's]].
** [[reade superreus]]: in kategory superreuzestjerren fan it spektrale typ ''K'' of ''M''. Dit binne de grutste stjerren fan it hielal nei [[omtrek]], mar net nei massa. Se hawwe in middelline dy't tusken de 200 en 1.500 kear sa grut is as de [[sinne]]. Ek hawwe se relatyf koele oerflakstemperatueren (fan 3.500 oant 4.500 [[Kelvin|K]]), mei as gefolch dat se yn ferhâlding folle minder enerzjy (en dus ljocht) útstrielje as [[blauwe superreus|blauwe superreuzen]]. Reade superreuzen komme soms foar yn [[stjerrekluster]]s. De bekendsten binne [[Betelgeuse]] en [[Antares]].
 
{{boarnen|boarnefernijing=
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Star ''References'' en ''Further reading'', op dizze side].
----
{{commonscat|Stars}}
}}
 
[[Kategory:Stjer| ]]
[[Kategory:Himellichem]]
[[Kategory:Astronomy]]