Distrikt: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
L noch wat
Rigel 1:
In '''distrikt''', fan it [[Latyn]]ske ''districtus'' (fan ''distringere'', "útinoar lûke"), fia it [[Aldfrânsk]]e ''district'', is in ûnbeskaat soarte fan ûnderferdieling fan in [[geografy]]sk gebiet. Hoewol't distrikten oer it algemien net ûnbidige grut binne, en sadwaande meastal lytser as in [[regio]] of [[provinsje]], komt it ek foar dat distrikten grutter binne en mear as ien provinsje bestrike. Meastal, lykwols beslane se earder ien of mear [[gemeente (bestjoer)|gemeenten]]. Foarbylden fan distrikten binne [[kiesdistrikt]]en, [[postaal systeem|postale distrikten]] en [[skoalle|skoaldistrikten]]. Guon [[lân|lannen]] hawwe in [[bestjoer]]slaach dy't út gebieten bestiet dy't wier oantsjut wurde as distrikten, lykas [[Afganistan]], [[Banglades]] en [[Hongarije]]. Yn [[Dútslân]] soene de ''[[Kreis]]en'' oerset wurde kinne as distrikten. Yn [[Belgje]] binne gruttere [[stêd]]en, lykas [[Antwerpen]], opdield yn bestjoerlike distrikten, dy't yn [[Nederlân]] [[dielgemeente]]n neamd wurde soene. Ek komt it foar dat lannen ien federaal distrikt hawwe, dêr't de federale [[haadstêd]] yn leit, en dat net ta ien fan 'e yn meardere of mindere mjitte [[autonoom|autonome]] dielsteaten heart. Dat is bygelyks sa yn it gefal fan 'e [[Feriene Steaten]] (it [[Distrikt Kolumbia]]), [[Austraalje (lân)|Austraalje]] (it [[Australysk Haadstedsk Territoarium]]), [[Meksiko]] (it ''[[Distrito Federal de México]]'') en [[Brazylje]] (''[[Distrito Federal (Brazylje)|Distrito Federal]]'').
 
{{boarnen|boarnefernijing=