Suster: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
L red
Rigel 1:
[[File:Little Julia tending the baby at home.jpg|thumb|right|250px|Twa suskes op 'e [[stoepe]] foar [[hûs]].]]
{{Of|de famyljerelaasje 'suster'|in froulike kleasterling|non}}
In '''suster''', of mei in [[ferlytsingsfoarm]] '''suske''', is in [[sibling]] fan it [[frou]]lik [[geslacht (sekse)|geslacht]] yn ferhâlding ta har mei-siblings binnen in [[gesin]]. De [[man (sekse)|manlike]] wjergader fan in suster is in [[broer]]. As it om in [[twilling]] giet, sprekt men fan ''twillingsusters''. De [[relaasje (ynterpersoanlike bân)|relaasje]] tusken in suster en har mei-siblings wurdt oantsjut as de '''sustersteat''' of it '''susterskip''', en it byhearrende [[eigenskipswurd]] is '''suster-''', '''susterlik''' of '''sororaal'''. De term 'susterlik' ([[eigenskipswurd]]lik) of [[susterlikens]] ([[haadwurd]]lik) wurdt, los fan 'e [[famylje (besibskip)|famyljerelaasje]], wol brûkt om oan te jaan dat der gjin [[hierargy]]ske ferskillen binne. Guon [[organisaasje]]s dy't tige de klam lizze op gelykheid, neame harsels ek wol in [[susterskip]] (tink derom: '<u>de</u> susterskip'); dat is benammen it gefal by [[kleasteroarder]]s.
 
As in suster deselde [[mem]] of deselde [[heit]] hat as in sibling, mar net beide, is it in '''healsuster'''. In suster út in eardere [[relaasje (ynterpersoanlike bân)|relaasje]] fan in [[styfâlder]] is in [[styfsuster]]. As lid fan in [[twilling]] wurdt in suster ek wol oantsjut as in [[twillingsuster]]. In [[famke]] dat yn it ramt fan 'e [[pleechsoarch]] opfongen wurdt yn in [[pleechgesin]] is foar de [[biologyske bern]] fan har [[pleechâlden]] in [[pleechsuster]]. In [[skoanfamylje|oantroude]] froulike partner fan jins sibling wurdt in [[skoansuster]] neamd.