Twa Moannen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 22:
 
==Libben==
Twa Moannen wie de soan fan Draacht-de-Otter, in froulike[[frou]]like [[kriichsfinzene]] fan [[Arikara (folk)|Arikara]]-komôf, dy't by de Noardlike Sjajinnen yntroud wie. Hy makke ûnder syn eigen folk namme troch syn lieding oer de Sjajinske krigers yn ferskate militêre treffens mei de [[Feriene Steaten|Amerikanen]], dy't diel útmakken fan 'e saneamde [[Grutte Sû-Oarloch fan 1876]]. Sa focht er bygelyks mei yn 'e [[Slach oan de Rosebud]], op [[17 juny]] [[1876]] yn wat no de [[Amerikaanske steaten|steat]] [[Montana]] is, tsjin 'e Amerikaanske [[luitenant-kolonel]] [[George Crook]]. Hy waard lykwols ûnder de blanken pas bekend troch syn dielname as Sjajinsk lieder oan 'e ferneamde [[Slach oan de Little Bighorn]], op [[25 juny]] [[1876]], wêrby't de [[Sû (folk)|Sû]] en harren bûnsgenoaten, de Sjajinnen en de [[Arapaho (folk)|Arapaho]], it [[Amerikaanske 7e Kavaleryregimint]] fan [[luitenant-kolonel]] [[George Armstrong Custer]] in ferpletterjende nederlaach tabrochten.
 
Nei de beskamjende nederlaach oan 'e Little Bighorn setten de Amerikanen alles op alles om sa fluch mooglik it Yndiaanske ferset de nekke om te draaien. Twa Moannen wie ien fan 'e lêste fijannige oarlochslieders dy't noch op frije fuotten wie, mar op [[8 jannewaris]] [[1877]] waard er troch [[generaal]] [[Nelson A. Miles]] ferslein yn 'e [[Slach by Wolf Mountain]]. Dat ferlies brocht him der úteinlik ta om him yn april 1877 by [[Fort Keogh]], yn Montana, oan 'e Amerikanen oer te jaan.
Rigel 41:
[[Kategory:Amerikaansk militêr fan Yndiaansk komôf]]
[[Kategory:Persoan fan Sjajinsk komôf]]
[[Kategory:Persoan fan Arikara-komôf]]