Inkeltal: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
L red
 
Rigel 1:
'''Inkeltal''', '''inkelfâld''' of '''iental''', of mei fan oarsprong [[Latyn]]ske termen '''simpleks''' of '''singularis''', is in begryp út 'e [[grammatika]] wêrby't in utering fan [[taal]] mar yn ien eksimplaar foarkomt (of wêrby't it oantal net fan belang is). Inkeltal is dêrmei de meast algemiene foarm fan it [[taalkunde|taalkundige]] [[getal (taalkunde)|getal]]. Om't dingen yn 'e measte talen útdrukt wurde troch it gebrûk fan [[haadwurd]]en, is it inkeltal in ferskynsel dat yn it foarste plak yn 'e foarm en/of betsjutting fan sokke haadwurden ta útdrukking komt. Yn it [[Frysk]] binne haadwurden as 'minske', 'doarp' en 'stjer' bgl. yn it inkeltal steld.
 
Dêrnjonken wurde inkeltalsfoarmen ek oantroffen yn [[wurd]]en dy't har nei sa'n haadwurd rjochtsje ([[eigenskipswurd]]en: 'itin <u>moaiemoai</u> doarp') en yn wurden dy't yn it plak fan it haadwurd komme ([[foarnamwurd]]en: '<u>hy</u> sit dêr'). Sadwaande wurde hiele [[sin (taalkunde)|sinsdielen]] yn it inkeltal [[ferbûging (grammatika)|ferbûgd]] as it byhearrende haadwurd in inkeltalsfoarm hat. Dat ferskynsel, dat yn in grut tal talen foarkomt, hjit [[getal (taalkunde)|oerienkomst yn getal]], en it uteret him benammen yn 'e ferbûging fan [[tiidwurd]]en ('it doarp <u>is</u> moai').
 
Lykwols kenne net alle talen it [[getal (taalkunde)|taalkundige getal]], en wêr't soks net foarkomt, hat it ek gjin sin om fan 'inkeltal' te sprekken, mei't inkeltal allinnich bestean kin as der ek [[meartal]] is. De measte talen dy't it taalkundich getal wól hawwe, omfetsje, lykas it Frysk, allinnich inkeltal en meartal. Dêrby is it inkeltal de ûnmarkearre oftewol de 'gewoane' foarm, en is it meartal in [[ferbûging (taalkunde)|ferbûging]] fan it inkeltal. Guon talen hawwe njonken dizze beide foarmen noch it [[dûbeltal]] en/of ferskate mear omstriden [[getal (taalkunde)|getalsfoarmen]]. Yn it [[Frysk]] en [[taalfamylje|oanbesibbe talen]] hawwe [[persoanlik foarnamwurd|persoanlike foarnamwurden]] en [[tiidwurd]]en yn 'e inkeltalsfoarm trije [[persoan (grammatika)|persoanen]]: