Nij-Meksiko: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
oanf
oanf
Rigel 155:
[[File:NMSU Zuhl 2008.JPG|right|thumb|250px|De Steatsuniversiteit fan Nij-Meksiko.]]
Dizze stammen hawwe elts har eigen [[Yndianereservaten]], op 'e Fort Sill Apache Stamme nei, dy't oan 'e ein fan 'e [[njoggentjinde iuw]] nei [[Oklahoma]] [[deportaasje|deportearre]] waard, mar no besiket om him wer yn syn âlde heitelân te fêstigjen. Fierders waarden yn [[2007]] de [[Genízaro (folk)|Genízaro]] troch de Legislatuer fan Nij-Meksiko erkend as in lânseigen groep, wat de wei frijmeitsje moat foar de úteinlike erkenning fan in Genízaro-stamme [[List fan Amerikaanske Yndianestammen mei erkenning op steatsnivo|op steats-]] of mooglik [[List fan Amerikaanske Yndianestammen mei federale erkenning|op federaal nivo]].
 
===Taal===
Nij-Meksiko hat net in [[offisjele taal]] dy't as sadanich by [[wet]] fêstlein is. De oarspronklike [[grûnwet]], út [[1912]], skreau in twatalich [[bestjoer]] foar, wêrby't [[wet|steatswetten]] sawol yn it [[Ingelsk]] as it [[Spaansk]] publisearre wurde moasten. Dy ferplichting waard neitiid twaris bekrêftige, yn [[1931]] en op 'e nij yn [[1943]]. It wie oant [[1935]] tastien om ûnder formele [[sitting]]s fan it steatskongres Spaansk te sprekken, mar likegoed waard altyd al fan alle steatsfunksjonarissen easke dat se it Ingelsk goed yn 'e macht hiene. Lju dy't it Spaansk as [[memmetaal]] hawwe, meie foar [[rjochtbank]] en [[gerjochtshôf]] yn dy [[taal]] de [[eed]] ôflizze en [[tsjûgenis]] dwaan, en Nijmeksikanen dy't inkeld Spaansk sprekke (en hielendal gjin Ingelsk) komme likegoed yn oanmerking foar [[sjueryplicht]] as twataligen en lju dy't Ingelsk mar gjin Spaansk sprekke. Op it mêd fan it [[ûnderwiis]] is yn 'e steatsgrûnwet fêstlein dat de steat twatwalich ûnderwiis oanbiede en Spaansktalige [[learaar|leararen]] oanstelle moat yn [[skoaldistrikt]]en dêr't de mearderheid fan 'e befolking Spaansktalich is.
[[File:Interstate 25 approaching Santa Fe New Mexico.jpg|left|thumb|250px|De [[autosnelwei]] [[Interstate 25]], op [[Santa Fe (Nij-Meksiko)|Santa Fe]] ta ridend.]]
 
Party saakkundigen wol hawwe dat Nij-Meksiko oant [[1953]] formeel in twatalige steat wie, mei gelikense [[rjocht]]en foar it Ingelsk en it Spaansk, mar oaren bringe dêrtsjinyn dat it Spaansk sûnt [[1848]] altyd al de twadde fioele spile. Wer oaren binne fan miening dat it Ingelsk en Spaansk yn Nij-Meksiko ''de facto'' noch altyd gelikense rjochten hawwe as [[nasjonale taal|nasjonale talen]], om't yn 'e steatsgrûnwet oan gjinien taal de status fan [[offisjele taal]] taparte wurdt. Yn elts gefal is [[Hawaï]] de iennichste Amerikaanske steat dy't syn twataligens by wet fêstlein hat.
 
Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske [[folkstelling]] fan [[2000]] hat fan 'e [[befolking]] fan Nij-Meksiko 28,8% it [[Spaansk]] as [[memmetaal]] en 4,1% it [[Navaho (taal)|Navaho]]. Sa'n 64% is fan hûs út [[Ingelsk]]talich. De [[Hispano's fan Nij-Meksiko]], it lânseigen diel fan 'e Latino-befolking fan 'e steat, sprekke Ingelsk of [[Nijmeksikaansk-Spaansk]]. Dat lêste is in [[dialekt]] fan it Spaansk dat karakterisearre wurde kin as in tige behâldende foarm dy't weromgiet op it [[Kastyljaansk]] út 'e [[santjinde iuw]]. Yn [[1995]] fierde Nij-Meksiko in twatalich [[folksliet]] yn: ''O' Fair New Mexico'' / ''Mi Lindo Nuevo México''. Yn [[2008]] waard it earste Navaho-talige [[skoalboek]] ynfierd foar it [[iepenbier ûnderwiis]].
[[File:Santa Fe San miguel chapel.jpg|right|thumb|250px|De San Miguel-kapel yn [[Santa Fe (Nij-Meksiko)|Santa Fe]], de âldste [[tsjerke]] fan Nij-Meksiko, boud yn [[1610]].]]