Content deleted Content added
L ++
Rigel 1:
[[File:Fuiken.jpg|right|thumb|250px|Fûken hingje te drûgjen.]]
{{Oar|it fiskersark fûke|fûke (betsjuttingsside)}}
In '''fûke''' is in stik [[ark]] dat brûkt wurdt yn 'e [[fiskerij]] (benammen yn 'e [[binnenfiskerij]]) yn 'e foarm fan in fan [[fisknet|netten]] of [[wylch|wylgeteannen]] makke [[fâle]] foar [[fisken]]. Sa'n fûke bestiet út in stikmannich efterinoar pleatste [[trachter]]s, dêr't fisken (yn 't bysûnder [[iel (fisk)|iel]]) maklik yn swimme, mar hast net wer útkomme kinne. Fûken wurde yn 'e boaiem fêstset mei fûkestokken. Se besteane út in yngong (de snabbe), dy't by it opheljen mei in [[tou]] (it snabbetou), tichtreaun wurde kin, in middendiel (it middelliif) en in útein (de snabein). Faak hat in fûke ek twa sydtrachters, dy't wjukken neamd wurde en ûnderstipe wurde troch wjukstokken.
 
In fûke wurdt ûnder wetter pleatst op in gaadlike lokaasje, it leafst op in plak dêr't wat streaming stiet. De iepening wurdt dan de kant út set dêr't de streaming wei komt. It plak dêr't in fûke stiet, wurdt boppe it wetteroerflak ornaris markearre troch in stikmannich lange [[stôk|stokken]]. Ut en troch komt de [[fisker]] dêr ris del om 'e fongen fisk derút te heljen. Yn [[Nederlân]] komme behalven fisken ek gauris [[muskusrôt|muskusrotten]] fêst te sitten yn fûken; om't dy oars as fisken net ûnder wetter sykhelje kinne, fersûpe se as se yn in fûke betize reitsje. Ek [[amfiby]]en en [[kreefteftigen]] fangt men net selden by fersin yn in fûke.