Aleoetysk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 23:
 
==Skiednis==
De earste Westerling dy't yn kontakt kaam mei it Aleoetysk wie de [[Denemark|Deensk]] [[ûntdekkingsreizger]] yn [[Ruslân|Russyske]] tsjinst [[Vitus Bering]], dy't fan syn reis nei de krite fan 'e nei him ferneamde [[Beringsee]] yn [[1741]] ferskate Aleoetyske [[plaknamme]]n mei werombrocht. De earste wurdlist fan it Aleoetysk waard yn [[1778]] gearstald troch [[James King (Britsk ofsier)|James King]], in lid fan 'e ekspedysje fan 'e ferneamde [[Grut-Brittanje|Britske]] ûntdekkingsreizger [[James Cook]]. Under it regear fan [[keizerinne]] [[Katarina de Grutte]] waarden troch [[Peter Simon Pallas]], [[Carl Heinrick Merck]], [[Michael Rohbeck]] en [[JûrijJoerij Fjodorovitsj Lisjansky]] noch ferskate oare wurdlisten gearstald, mar pas yn [[1819]] fierde de Deenske [[taalkundige]] [[Rasmus Rask]] in earste yngeande stúdzje fan it Aleoetysk út.
 
Yn [[1824]] kaam de [[Russysk-Otterdokse Tsjerke|Russysk-otterdokse]] [[misjonaris]] Ioann Venjaminov op 'e [[Aleoeten]] oan, deselde dy't letter bekend wurde soe as de [[hillige]] [[Innosintius fan Alaska]]. Hy stalde in [[Syrillysk alfabet|Syrillyske]] [[stavering]] foar it Aleoetysk gear, sette it ''[[Evangeelje fan Mattéus]]'' en ferskate oare [[religy|religieuze]] wurken yn 'e taal oer, en publisearre yn [[1846]] de earste [[grammatika]] fan it Aleoetysk. By syn wurk waard Venjaminov bystien troch twa lânseigen [[Aleoeten (folk)|Aleoeten]], [[Ivan Pan'kov]], it [[opperhaad]] fan [[Tigalda]], en [[Jakobus fan Alaska|Jakov Netsvetov]], in [[preester]] fan [[Atka (eilân)|Atka]] (dy't letter ek hillich ferklearre wurde soe). Netsvetov skreau sels ek it earste Aleoetyske [[wurdboek]].