Kleilieten: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Rigel 32:
[[File:Jeremiah lamenting.jpg|thumb|left|240px|De [[profeet]] [[Jeremia (profeet)|Jeremia]] dy't treuret om 'e fal fan [[Jeruzalim]] (in skilderij fan [[Rembrandt]]).]]
 
===Ynhâld===
De ''Kleilieten'' binne in lytse samling rousangen, dêr't treurjendewei de ûndergong fan Jeruzalim en de Timpel mei besongen wurdt. Se binne nei alle gedachten basearre op it fan oarsprong [[Mesopotaamje|Mesopotamyske]] sjenre fan 'e stedsbeklagings, dy't weromgeane oant de [[Sûmearje|Sûmearyske]] tiid en dêr't it ''[[Klaachliet foar Ur]]'' it ierst oerlevere en bekendste foarbyld fan is. De ''Kleilieten'' omfetsje fiif ôfsûnderlike dichtwurken, dy't yn it bibelboek de fiif haadstikken foarmje. Yn ''Kleil.'' 1 hat de profeet it oer de mannichfâlde ellinde dy't makket dat de stêd (Jeruzalim) as in iensume widdo sit te skriemen. Yn ''Kleil.'' 2 leit er in oarsaaklik ferbân tusken dy ellinde en de sûnden fan it folk tsjin syn [[God]]. Yn ''Kleil.'' 3 sprekt er de hope út dat de straf dy't God oer it folk en lân komme litten hat, mar fan tydlik aard wêze sil en dat it folk der op 'en doer allinne mar better fan wurde sil. Yn ''Kleil.'' 4 beklaget er fannijs de ferrinnewearring fan stêd en Timpel, dy't er nochris weromfiert op 'e sûnden fan it folk. En ''Kleil.'' 5, ta ein beslút, foarmet in [[gebed]] dat de hoffening fan [[Sion]] weinommen wurde mei sadree't it folk berou kriget fan syn dôfhûdigens.
 
===Fryske oersetting===
Yn [[1919]] joech dû. [[Geart Aeilco Wumkes]] yn syn ''Ut 'e Heilige Dobbe'' û.m. in oersettingsfragmint fan eigen hân fan ''Kleil.'' 3:22-33 út. De earste folsleine útjefte fan 'e ''Kleilieten'' stie yn it Alde Testamint fan Wumkes en [[Eeltsje Boates Folkertsma]], dêr't dy yn [[1943]] de earste Fryske bibeloersetting mei foltôgen. Om't sawol [[teolooch|teologen]] as [[taalkundige]]n beswieren tsjin 'e fertaling Wumkes-Folkertsma hiene, waard fan [[1966]] ôf wurke oan in nije bibeloersetting, dy't yn [[1978]] útkaam as de [[Nije Fryske Bibeloersetting]] (mei stipe fan 'e provinsje [[Fryslân]], it ''[[Nederlands Bijbelgenootschap]]'' te [[Haarlim]] en de ''[[Katholieke Bijbelstichting]]'' te [[Bokstel]]). Dat is de fertaling dy't noch altiten yn gebrûk is, yn 'e foarm fan 'e trêde, ferbettere druk fan [[1995]]. De oersetting fan 'e ''Kleilieten'' waard dêrby dien troch dû. [[R. Bijl]], dy't op taalkundich mêd ûnderstipe waard troch [[Ulbe van Houten]].