Reality Kings: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Rigel 11:
| oprjochte = [[2000]]
| oprjochter =
| eigner = [[ManwinMindGeek]]
| fuortkommen út =
| memme-ûndernimming = [[RK Netmedia]]
| dochterûndernimmings =
| winst =
Rigel 21:
| webside = [http://www.rk.com www.rk.com]
}}
'''''Reality Kings''''', soms ôfkoarte ta '''RK''', is in [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[pornografy]]ske [[ynternet|webside]] en filmstudio dy't fêstige is yn [[Miami Beach (Floarida)|Miami Beach]], yn 'e [[Amerikaanske steaten|steat]] [[Floarida]]. It bedriuw is eigendom fan it yn [[2000]] oprjochte ''[[RK Netmedia'']], krektlyk fêstige yn Miami Beach, dat teffens in stikmannich minder bekende pornografyske websiden yn besit hat, lykas ''CumFiesta.com'', ''MilfHunter.com'', ''CaptainStabbin.com'', ''8thStreetLatinas.com'' en ''RoundAndBrown.com''. Yn [[2012]] waard ''RK Netmedia'' oernommen troch de yn [[Lúksemboarch]] fêstige porno-mulitnational ''[[ManwinMindGeek]]'' (foarhinne Manwin), dy't û.m. ek konkurrint ''[[Brazzers]]'' en de Amerikaanske [[filmstudio|pornostudio]] ''[[Digital Playground]]'' yn besit hat, en de websiden fan ''[[Wicked Pictures]]'' beheart.
 
==Sjenre==
Sûnt syn oprjochting is ''Reality Kings'' it mulpunt wurden fan in netwurk fan in stik as 25 websiden dy't in grut ferskaat oan pornografyske subsjenres oanbiede, lykas Aziatyske, Latynsk-Amerikaanske, ''ebony'' ([[negroïde ras|swarte]]) en [[ynterrasiale pornografy]], [[lolitapornografy|tiner-]], [[realitypornografy|reality-]], [[amateurpornografy|amateur-]] en [[milfpornografy]], njonken porno fan it [[grutte-boarstesjenre|grutteboarste-]] en [[stuten|gruttekontesjenre]]. Tsien fan dy websiden binne ûnderbrocht by de [[ymprint]] ''[[Muffia]]''. Yn [[2009]] begûn ''Reality Kings'' fierders it programma ''Money Talks'' te meitsjen foar it betelkanaal ''[[Playboy TV]]''. Datselde jiers sette it bedriuw ek útein mei in eigen betelstjoerder, ''Reality Kings TV'' (RKTV), dêr't se de ynhâld fan harren websiden (en dy fan ''[[Bang Bros]]'') op útstjoere.
 
==Skandalen==
[[File:Flagler-Memorial-Island-MAR2007.jpg|thumb|right|250px|It [[Flaglermonuminteilân]], foar de kust fan [[Miami Beach (Floarida)|Miami Beach]].]]
''Reality Kings'' hat behelle west yn ferskate skandalen. Sa waard it bedriuw yn [[2010]] oanklage troch de ''Florida A&M University'' (FAMU) foar it skea ta tabringen oan 'e goede namme fan 'e universiteit troch it opnimmen fan in fideo foar de webside ''DareDorm.com'', wêryn't acht (mearderjierrige) tiners dy't neffens eigen sizzen studinten oan 'e universiteit wiene, [[seksuële omgong]] mei-inoar hiene. ''RealityKings''Reality Kings en de FAMU kamen bûten de rjochtseal ta in skikking, wêrby't ''Reality Kings'' de universiteit in skeafergoeding fan [[$]]120.000 betelle.
 
Fierders hat ''Reality Kings'' ek skikkings troffen yn 26 saken mei muzykprodusinten, foar piraterij fan nûmers om as eftergrûnmuzyk foar harren pornosênes te brûken. Yn [[2011]] ûntstie der in skandaal doe't ''Reality Kings'' op ljochtskyndei in sêne opnaam op it [[FlaglermonuminteilânFlagler Monument Island]], foar de kust fan Miami Beach. Dy saak is noch yn ûndersyk by de plysje.
 
En itselde jiers waard it bedriuw oanklage troch in frou dy't úthold dat yn in sêne op 'e webside ''CumFiesta.com'' har fuortrûne [[minderjierrigens|minderjierrige]] [[dochter]] Bieyanka Moore de haadrol spile. It ferwar fan ''Reality Kings'' wie dat Moore in ferfalske [[identiteitsbewiis]] brûkt hie om harren wiis te meitsjen dat se [[mearderjierrich]] wie, en dat se dêrmei net inkeld harren bedriuw foar de gek holden hie, mar ek ûnderskate steats- en federale oerheidsynstânsjes, en dat ''Reality Kings'' yn dizzen sadwaande gjin blaam trof.
 
==Keppelings om utens==
* {{en}}[http://www.rk.com/ Offisjele webside fan ''Reality Kings'']
 
{{boarnen|boarnefernijing=
Rigel 43:
[[Kategory:Amerikaanske pornografyske filmstudio]]
[[Kategory:Amerikaansk webstee]]
[[Kategory:Amerikaansk ynternetbedriuw]]
[[Kategory:Eroatyske en/of pornografyske webside]]