Skotsk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 101:
===Stavering===
De [[stavering]] fan it [[Aldskotsk]] wie tsjin 'e midden fan 'e [[sechstjinde iuw]] njonkelytsen min ofte mear standerdisearre wurden, mar troch de [[personele uny]] fan Skotlân mei Ingelân waard fanôf [[1603]] de ynfloed fan it Ingelsk op 'e Skotske skriuwtaal almar sterker. Nei de Uny fan [[1707]] rekke it Skotsk as skriuwtaal fierhinne yn 'e nederklits, en doe't him yn 'e twadde helte fan 'e [[achttjinde iuw]] in weroplibbing foardie, wiene de âlde literêre foarmen yn it ferjit rekke. Sadwaande waard der doe in nije stavering ynfierd dy't dan wol basearre wie op 'e âlde hoftaal, mar dy't tagelyk ûntdien wie fan 'e mear ôfwikende Skotske foarmen, dêr't Ingelske foarmen foar yn 't plak kamen.
[[File:LufeGodAbufeAlAndYiNychtbourAsYiSelfLufe JohnKnoxHouse200411God Abufe Al - John Knox House 200411.jpg|left|thumb|250px|''Lufe God abufe al and yi nychtbour as yi self'' ("Hâld fan God boppe al en fan jins nêste as fan jinsels"), in tekst yn it Aldskotsk op it [[John Knox|John Knox Hûs]] yn [[Edinburch]].]]
 
Hjirby waard ek de saneamde [[ûntskuldigjende apostrof]] yntrodusearre, in nuveraardich ferskynsel, dat ynfoege waard op plakken dêr't it korrespondearjende Ingelske wurd in [[konsonant]] hie dy't yn it Skotsk net foarkaam. Sa waard it Skotske wurd foar it [[mulwurd]] "nommen" fan dy tiid ôf skreaun as ''ta'en'' (útspr.: "teen"), mei de apostrof op it plak fan 'e k yn it Ingelske ''taken''. Om't [[John Barbour|Barbour]] dit wurd yn 'e [[fjirtjinde iuw]] stavere as ''tane'', en der dus yn it Skotsk al 700 jier gjin k yn foarkomt, wurdt it oanjaan fan it fuortlitten fan 'e k troch in apostrof yn te foegjen tsjintwurdich oer it algemien as ûnsinnich en ûnnoazel beskôge, sadat de moderne stavering ''taen'' wurden is.