Frankyske Boargeroarloch: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Ieneach fan 'e Esk moved page Frankyske Boargerkriich to Frankyske Boargeroarloch: gongberder
L red
Rigel 1:
[[Ofbyld:Francia at the death of Pepin of Heristal, 714.jpg|thumb|300px|It Frankyske Ryk yn it tiidrek fan it ferstoarn fan [[Pippyn fan Herstal]].]]
De '''Frankyske Boargeroarloch''' of '''Frankyske Boargerkriich''' wie fan [[715]] oant [[718]] en wie it gefolch fan de dea fan [[hofmeier]] [[Pippyn fan Herstal]] op [[16 desimber]] [[714]]. Yn dizze kriichoarloch waard striid levere troch ferskillende legers fan de pakesizzer en opfolger [[Teudobald]] fan Pippyn, syn widdo [[Plektrudis]], syn basterdsoan [[Karel Martel]], [[Ragenfrid]] dy't him opfolge as [[hofmeier]] yn [[Neustrje]] en de nije kening [[Gilperik II]]. Ek in Frysk leger ûnder lieding fan [[Redbad]] wie by de kriichoarloch belutsen.
 
Yn de kriichoarloch wie sprake fan ferskillende belangen en koalysjes. Rûchwei besjoen stie it noardeasten fan it lân [[Austraasje]] tsjinoer de rest fan it lân [[Neustrje]] en [[Hartochdom Boergonje|Boergonje]], wêrby't de erfgenamten fan Pippyn fan Harstal in wichtige rôle spile. De widdo fan Pippyn, [[Plektrudis]] mei har beppesizzer Teudobad tsjinoer [[Karel Martel]], de bastertsoan fan ferstoarne hofmeier. In tredde partij wie kening [[Gilperik II]] mei hofmeier [[Raganfred]] oan syn side dy't eigen belangen hienen. De Fryske kening Redbad kin beskôge wurde as in fjirde party. As gelegenheidspartner fan de Neustrjes folge hy syn eigen aginda.
 
De boargerkriichboargeroarloch waard lang om let beslist yn it foardiel fan Karel Martel.
 
== De oanlieding ==
Rigel 12:
 
=== De slach by Compiégne ===
Op [[26 septimber]] [[715]] komt dat leger yn gefjocht mei de striidkrêften fan hofmeier Ragenfrid. Dizze fjildslach by [[Slach by Compiégne|Compiégne]] lûd it begjin yn fan de Frankyske boargerkriichboargeroarloch. Ragenfrid ferslaat yn dizze slach de jonge Teudoald dy't nei syn beppe yn [[Keulen]] werom flecht. Neffens de [[Liber Historiae Francorum]] stoar Teudoald fuort dêrnei, mar oare boaren melde dat hy noch in protte jierren dêrnei libben hat. Wat der ek fan wier is, Karel Martel wurdt út syn finzenis befrijd en kening Dagobert III komt te ferstjerren. [[Gilperik II]] wurdt nije kening en Ragenfrid bliuwt oan as hofmeier. Der ûntstie in situaasje, lykas op de kaart is werjûn ([[Akwitaanje]] wie yn dy tiid in ûnôfhinklike Frankysk hartochdom).
 
=== Ynfal troch de Friezen ===
De [[Friezen]] ûnder harren kening [[Redbad]], profitearren hiel bot fan de betizende situaasje dy't by de Franken ûntstien wie, troch de eardere Fryske gebieten dy't sy oan Pippyn ferlern hienen werom te oermasteren, wêrûnder de stêd [[Utert (stêd)|Utert]] en omkriten. Ragenfrid sleat mei de Fryske kening in bûnsmaatskip en tegearre foelen harren legers Austraasje oan. In part fan de Austrasyske eallju is betinken dat sy yn dizze drege tiid in folwoeksen hofmeier nedich hawwe, en befrije de Karel Martel, de basterdsoan fan Pippyn út syn finzenis. Hja hawwe lykwols net genôch tiid om in sterk leger by ien te sammeljen doe't de Friezen en Neustrjers oanfoelen.
 
== It ferrin fan de kriichoarloch ==
Yn 716 foel Ragenfrid fanút it suden oan en kaam Rebad mei in float oer de [[Ryn]] oansetten. Beide legers moetsje inoar by Keulen dêr't Teudoald en Plektrudis harren ferskânst hienen. Karel besiket mei in yn de hast by ien skrappe leger de stêd noch te ûntsetten, mar moat him nei de earste skermutselingen al weromlûke. De ferdigeners moatte har oerjaan en Keulen mei de skatkist fan Austraasje falt yn hannen fan de oerwinners.
 
Rigel 30:
 
== Gefolgen en neisleep ==
Neidat de Frankyske boargerkriichboargeroarloch einige wie, hie Karel Martel de allinnichhearskippij ferkrige oer it hiele Frankyske Riik. It wie foar it earst dat alle macht by ien hofmeier berêste. Hjirmei lei er de grûnslach foar de dynasty fan de [[Karolingen]] dy't fan [[751]] ôf ek de keningen fan de Franken levere soenen. Sels naam Karel net de titel fan kening, mar as hofmeier hâlde hy wol de feitlike macht yn hannen.
 
Doe't er al syn fijannen yn it Frankyske ryk ferslein hie rjochte Karel syn oandacht earst op noarden, dêr't it ryk fan syn Fryske tsjinstanner [[Redbad]] fêstige wie. Nei de dea fan kening Redbad yn [[719]] fersloech hy frij ienfâldich de Friezen en ferovere [[Citerior Fresia|''Fresia Citerior'']] werom. It oare part fan Fryslân ''Fesia ulterior'' waard troch him oant en mei it [[Fly]] anneksearre.