Marije Louise fan Hessen-Kassel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Ieneach fan 'e Esk moved page Maria Louise fan Hessen-Kassel to Marije Louise fan Hessen-Kassel: frysker (en strykt ek better mei 'Marijke-meu'
L red
Rigel 1:
[[Ofbyld:Marijke Meu.jpg|thumb|225px|right|MariaMarije Louise fan Hessen-Kassel troch [[Louis Volders]]]]
'''Marije Louise fan Hessen-Kassel''' of '''Maria Louise fan Hessen-Kassel''' ([[Kassel]], [[7 febrewaris]] [[1688]] - [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]], [[9 april]] [[1765]]) wie in prinsesse fan [[Hessen-Kassel]] en troch houlik foarstinne fan [[Nassau-Dietz]] en prinsesse fan [[Oranje]]. Marie Louise, dy't troch har ûnderdienen mei de bynamme 'Marijke Meu' of 'Marijke Muoi' fereare waard, wie [[Steedhâlder]]inne fan [[Fryslân]], [[Grinslân|Grins]] en [[Drinte]].
 
== Libben ==
=== Jeugd ===
MariaMarije Louise waard berne yn [[Kassel (Dútslân)|Kassel]] as dochter fan [[Karel Loadewyk fan Hessen-Kassel]] en [[MariaMarije Anna fan Koerlân]]. Se kaam út in húshâlding fan fyftjin bern, tsien bruorren en fiif susters. Se waard strang opfieden.
Sy boaske op [[24 april]] [[1709]] yn Kassel mei [[Johan Willem Friso fan Nassau-Dietz|Johan Willem Friso]] (1687–1711) foarst fan Nassau-Dietz, sûnt 1702 ek foarst fan Oranje en [[steedhâlder]] fan Fryslân en Grinslân.
 
Rigel 11:
[[Ofbyld:Prinsessehof foargevel-3.jpg|thumb|''It Prinsessehof'']]
 
Nei ferskate moetings mei [[Johan Willem Friso fan Nassau-Dietz]] wurdt besletten om te trouwen. Nei't skynt wie it by de earste moeting al echte leafde tusken beiden. Johan Willem Friso reizge yn [[1709]] nei Kassel ta om dêr syn glorieuze yntocht te dwaan. Mar hy hat pech, midden yn de stêd brekt in tsjil fan syn wein, sadat er net fol pracht en preal by syn breid foarride kin, mar rinnende nei it paleis ta moat. Op [[26 april]] 1709 is yn [[Kassel (Dútslân)|Kassel]] it houlik. In moanne nei de brulloft set har man ôf nei syn legerûnderdiel fan it Nederlânsk-Ingelske, dat belutsen wie yn de [[Spaanske suksesjeoarloch]]. MariaMarije Louise bleau by har âlden yn Kassel efter en pas yn jannewaris 1710 folge se har man nei Ljouwert, dêr't se plechtich ynhelle waard. It pear set har ta wenjen yn it [[steedhâlderlik Hof]] fan Ljouwert. Johan Willem Friso is net in soad thús meidat hy troch oarloch op it slachfjild wêze moat.
 
Har echtgenoat wie sûnt 1702 ferwikkele yn in dispút oer it testamint fan de yn dat jier sûnder bern ferstoarne stedhâlder-kening [[Willem III]], dy't him ta syn universeel erfgenamt beneamd hie. Dat testamint wie daliks oanfochten troch - ûnder oaren – de Pruissyke kening Frederik I, in oare besibbe fan Willem III. Nei jierren fan ûnderhanneljen like yn 1711 in oplossing foar de kwestje yn sicht te wêzen – as Johan Willem Friso ûnderweis giet foar de lêste ûnderhannelingen mei Frederik I sels. Op [[14 july]] [[1711]] komt er oan by [[Moerdijk (doarp)|Moerdijk]]. Hy wol oerstekke nei De Haach, om dêr de erfenis fan syn fiere neef, [[Willem III fan Oranje|Kening-steedhâlder Willem III]] te regeljen. Mar de boat slaat troch in wynpûst yn it seil om en Johan Willem Friso ferdrinkt. Nei in houlik fan amper twa jier wie MariaMarije Louise al widdo. Ut dat koarte houlik wie dochs noch ien bern berne: [[Amalie fan Nassau-Dietz (1710-1777)|Anna Charlotte ''Amalia'']] (1710-1777), troud mei [[Frederik fan Baden-Durlach]] (1703-1732). Anna Charlotte waard letter dwylsinnich.
 
== Regintesse (1711-1731) ==
[[Ofbyld:MarijkeMeumetKinderen.jpg|thumb|200px|left|''MariaMarije Louise mei har twa bern ± 1725'']]
Achtenfjirtich dagen nei it ferstjerren fan har man wurdt noch in soan berne: [[Willem IV fan Oranje-Nassau|Karel Hendrik Friso]] (1711-1751). Hy troude mei [[Anna fan Hannover]] (1709-1759). De tsjinslaggen sa koart efter elkoar – ek har mem ferstoar datselde jier - wienen in oanslach op de sûnens fan de prinsesse. De problemen waarden noch slimmer troch de oanwêzichheid fan har skoanmem Henriette Amalia, dy't nei Ljouwert kaam wie yn de ferwachting oansteld te wurden as regintesse en foudesse foar har lytse beppesizzer. De Steaten fan Fryslân joegen lykwols de foarkar oan MariaMarije Louise, dêr't se better mei oerwei koenen. Marie Louise naam yn de perioade fan de minderjierrichheid fan har soan it steedhâlderskip fan Fryslân, Grinslân en Drinte waar as regintesse. Se rjochte alles op de krekte opfieding fan har bern, en yn it bysûnder dat fan har soan. MariaMarije Louise wie net tarieden op de bestjoerlike taken dy't se ynienen ferfulle moast: se wie op't lêst pas sa'n oardel jier yn Ljouwert en noch net echt thús yn de ferhâldingen binnen har hofhâlding, lit stean dy binnen de Republyk. Se hie te krijen mei de slepende erfeniskwestje, dy't pas yn 1732 troch har soan ôfrûne wurde soenen. Boppedat waard se konfrontearre mei beheinde ynkomsten en in grutte skuldelêst opboud troch har skoanmem. Mei help fan har heit, dy't ek foud oer har bern wie, besocht MariaMarije Louise de finansjen op oarder te bringen en it kapitaal te fergrutsjen dat de basis foarmje moast foar de ambysjes fan de Fryske Nassaus, dy't se fan herte dielde. Regleminten foar de hofhâlding moasten de ûnkosten drukke, se beknibbele op it ûnderhâld fan ferskate bûtenpleatsen, en yn Amsterdam liet se inkele skilderijen út de erfenis fan Willem III feile. MariaMarije Louise’s skoanmem gie op't lêst werom nei Dútslân.
 
Se residearre dêrby om en om yn Ljouwert en Grins en [[paleis Soestdyk]]. Yn har regintskip docht se ek in tal oankeapen: de ambachtshearliken fan Soet en Birkt, fan Baarn en Ter Iem komme by domeingrûnen. Bygebouwen krije in oare bestimming, en de stâlen wurde ferhuze. Boppedat liet se yn 1730 foar harsels it bûtenferbliuw [[Mariënburch]] bouwe. Hja bewenne it [[Princessehof]], in stedspaleis dat yn 1731 oankocht wie.
 
== Middelbere leeftiid ==
Yn 1731 siet har taak as regintesse der op. Se sette har ta wenjen yn it [[Prinsessehof]] yn de Ljouwerter Grutte Tsjerkestrjitte, in hof dat yn 1731 oankocht wie. MariaMarije Louise hie in wichtige porsleinkolleksje. Tsjintwurdich sit yn it Prinsessehof it nasjonaal [[keramyk]]museum. Yn 1732 waard mei de Prusyske sibben in akkoard sluten oer de erfenis en yn 1734 slagge it MariaMarije Louise foar Willem in houlik te regeljen mei de Ingelske prinsesse prinses Anna fan Hannover, wat de famylje ynternasjonaal mear oansjen joech. Yn 1747 waard Willem IV, nei wat woelingen yn de Republyk, yn alle gewesten ta erfsteedhâlder beneamd en ferhuze hy mei syn hof nei De Haach. Yn de jierren dêrnei feriensume se. Har soan hie it smoardrok, en boppedat siet hy faak yn it fiere [[De Haach]]. Reizgjen nei De Haach waarden har te moedsum om faak te dwaan. Dêrneist koe se mar min oerwei mei har skoandochter [[Anna fan Hannover]]. By in werferdieling fan besittingen yn 1731 hie Willem IV syn mem de barony fan Iselstein as douarie skonken. Yn Iselstein hienen de piëtistyske greve fan Zinzendorf en syn folgelingen, de Herrnhutters, in wykplak socht, neidat se yn Dútslân yn swierrichheden komd wienen. MariaMarije Louise hie in swak foar de Hernhutters, mar omdat soan Willem IV benaudt wie foar politike problemen om dizze religieuze groep, moast de prinsesse hat ûnthâlde fan iepentlike steun oan harren. Wol soarge se derfoar dat se earne oars, op slot Zeist, ûnderdak krigen.
 
Doe't yn 1747 [[Willem IV fan Oranje-Nassau]] ek steedhâlder fan de oare gewesten fan de [[Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen|Republyk]] waard bleau hy permanint yn [[De Haach]].
 
== Regintesse (1759-1765) ==
Yn oktober 1750 kaam se foar it lêst by har soan op [[Paleis It Loo|paleis it Loo]]. Doe't Willem IV yn 1751 ferstoar, wie syn soan [[Willem V fan Oranje-Nassau|Willem V]] noch mar trije jier âld. Ek Willem V syn suske Carolina wie doe noch minderjierrich. De mear as santichjierrige Marijke Muoi naam it regintskip oer fan har skoandochter, [[Anna fan Hannover]], dy't yn [[1759]] ferstoar. Har sûnens wie yn dizze jierren al lange tiid min. Hja moast yn dit twadde regintskip gearwurkje mei de [[Loadewyk Ernst fan Brunswyk-Lüneburg-Bevern|hartoch fan Brunswyk]], dy't as foud oer har beppesizzers oansteld wie. Dit regintskip late ta konflikten mei har beppesizzer Carolina, dy't in oandiel yn de foudijskip fan har broer wold hie. Meardere kearen reizge se fan Ljouwert nei De Haach om op te kommen foar de belangen fan har neiteam. Doe't Willem yn 1765 santjin jier waard, besocht de anti-Brunswykgroep yn Fryslân om de jonge prins folwoeksen te ferklearjen en him ta steedhâlder te ferheffen. MariaMarije Louise hat grif net begrepen dat dizze aksje rjochte wie tsjin Brunswijk, want se beskôge it foarstel as in mkoasje fan wantrouwen tsjin harsels. Nei har fûle reaksje waard it foarstel ynlutsen.
 
In lichte beroerte makke dat se de macht oer har rjochterhân ferlear. Op [[Palmsnein|palmpeaske]] 1765 wie se noch oanwêzich yn de [[Grutte of Jakobinertsjerke|Grutte Tsjerke]] fan Ljouwert, wêrnei't se by it ferlitten fan de tsjerke safolle mooglik tsjerkegongers mei neidruk goedendei knikt. Op peaskesneon waard de âlde Marie Louise siik. Se woe net hawwe dat har sykte útlekte, omdat dan Peaske foar de minsken bedoarn wêze soe. Op twadde peaskedei, [[9 april]] 1765 sliepte se wurch yn. Se wie 77 jier oud. Inkele wiken letter waard se bysetten yn de boppegrûnske kapel fan de [[Grêfkelder fan de Fryske Nassau's]] yn de Grutte Tsjerke fan Ljouwert, 54 jier neidat har man ferstoan wie.
Rigel 33:
Omdat hja yn [[Fryslân]] tige populêr wie, waard se troch de befolking ek wol 'Muoi' of 'Meu' neamd. Biografen en historisy beskriuwe har as godfruchtich en beskieden, en har optreden as ienfâldich en ynnimmend, mar fêsthâldend wat de steedhâlderlike ambysjes fan de fryske Nassaus oanbelange. Der binne ferskate biografyen en wiidweidige biografyske artikels oan har wijd. Yn 1970 ferwurke [[Dieuwke Winsemius]] har libben sels ta in roman.
;Marijke Muoiraam
Yn de Jakobinertsjerke fan Ljouwert sit it "Marijke Muoi-raam". Omdat it wapen fan MariaMarije Louise al yn it linker raam ôfbylde is, sit rjocht it wapen fan har âlden. Marijke Muoi is ôfbylde yn de midden, se giet dêr krekt efkes de koets út om lekkers oan de tastreamde bern út te dielen. (It ferhaal giet dat it eskorte fan tsientallen bern har wolris tefolle waard se stuts dan de holle út de koets en sei tsjin de bern "Berntsjes, gau nei hûs ta gean, jimme Mem bakt [[Stro (pankoek)|strou]]!"). De oanhinklikheid fan de befolking wurdt foarsteld troch in man dy't drok mei de Oranje-Blanje-Bleu flagge swaait. Boppe-yn it raam it ôfbyld fan it Prinsessehof, dat se oant har dea yn 1765 bewenne. De ûndergeande sinne tsjut der op dat se de lêste fan de Fryske steedhâlders wie dy't yn Ljouwert hof hâlde.
 
== Houlik en bern ==
MariaMarije Louise boaske op [[26 april]] [[1709]] yn [[Kassel]] mei [[Johan Willem Friso fan Nassau-Dietz|Johan Willem Friso]] (1687-1711). Ut dit houlik waarden berne:
* [[Anna Charlotte Amalie fan Nassau-Dietz-Oranje|Anna Charlotte ''Amalie'']] (1710-1777), troud mei [[Freark fan Baden-Durlach]] (1703-1732). Anna Charlotte waard dwylsinnich.
* [[Willem IV fan Oranje-Nassau|''Willem IV'' Karel Hindrik Friso]] (1711-1751), troud mei [[Anna fan Hannover]] (1709-1759)
Rigel 59:
 
== Keppeling om utens ==
* [http://www.11en30.nu/global/fri/Artikel/32/ MariaMarije Louise fan Hessen-Kassel yn de kanon fan de Fryske skiednis]
 
[[Kategory:Steedhâlder fan Hollân]]