Boekdrukkeunst: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Daam (oerlis | bydragen)
Daam (oerlis | bydragen)
Rigel 23:
De [[rigelsetmasine]] kaam op om 1890 út [[Amearika]] wei ([[Yntertype]]) en Jeropa ([[Linotype]]). Dy rigelsetmasines koene folsleine rigels jitte dy’t dan min ofte mear automatysk yn drukplaten gearfoege waarden. Dat wie yn dy tiid in ûnbidige fersnelling fan it printproses, mei om’t it brûkte setwurk net weromlein hoegde te wurden (distribuearre) yn letterkasten, mar nei brûken wer omraant wurde koe om fannijs brûkt te wurden. Foar krantekoppen brûkten se de [[Ludlow (jitmasine)|Ludlow]]. Fan it begjin fan de santiger jierren fan de 20e iuw ôf makke de boekdrukkeunst hieltyd mear plak foar [[flakdruk]] (offset- en [[rotaasjedruk]]), om’t lead it ôflizze moast tsjin [[fotosetmasine]]s en Desktop publising ([[DTP]]) oan syn opmars begûn.
 
Boekdruk ([[heechdruk]]) wurdt noch mar komselden tapast. It is no in leafhawwerij fan hobbyisten, tapast foar gelegenheids-, grafyk- of bibliofile produksjes. De lêste jierren wurdt meganysk printsjen mear en mear ferfongen troch [[digitaal boekdrukken]].
 
===Europeeske útfiners===