Weser: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SieBot (oerlis | bydragen)
L robot Erbij: fi:Weser Anders: ru:Везер
No edit summary
Rigel 9:
|ôfbylding= [[Image:Weser-bei-Polle.jpg|250px]] ''Weser by Polle''
}}
De '''Weser''' is in rivier yn [[Dútslân]] det, de grutste dy't yn dat lân begjint en einiget (yn de [[Noardsee]]). De Weser draacht dy namme fan [[Hannoversch Münden]] ôf, wêr't de [[Werra]] (298 km, boarne yn it [[Thüringer Wâld]]) en de [[Fulda (rivier)|Fulda]] (218 km, boarne yn de [[Rhön]]) gearfloeie. De nammen Weser en Werra geane werom op deselde stamme en feitlik is de Werra dan de boppeloop fan de Weser.
 
Weser en Werra binne tegearre 730 km lang en mei de Fulda en harren [[Sydrivier en ôftakking|sydrivieren]] fiere se it wetter ôf út in gebiet fan 46.306 km², in gebiet dat grutter is as Nederlân. It grutste part dêrfan leit yn [[Nedersaksen]]. In bysûnderheid is it sydrivierke de Else. Dizze takket ôf yn in saneamde [[bifurkaasje]] fan de [[Hase]], dy't sels nei de Iems ta streamt.