Britsk Museum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
f.Kr./n.Kr.
Rigel 7:
 
== Skiednis ==
It museum tanket harrensyn ûntstean oan Sir [[Hans Sloane]] (1660-1753), dy't syn grutte samling keunstwurken en boeken neiliet oan de steat. Om dizze samling foar it lân bewarje te kinnen, bekrêftige it parlemint yn [[1753]] de "British Museum Act". Om dizze kolleksje mei dy fan oare skinkingen (fan de famylje Cotton en fan de greven fan Oxford) goed ûnder bringe te kinnen, wie jild noadich; dat jild waard ynsammele troch in lotterij te organisearen.
 
De behearders fan it museum krigen de opdracht de samling ''yn stân te hâlden, net allinnich foar besichtiging troch en ferdivedaasje fan de ûntwikkelden, mar ek foar it algemien gebrûk en it profyt fan de mienskip''. De samling waard ûnderbrocht yn Montagu House, boud troch P. Puget yn 1686, en yn 1759 offisjeel iepene. Wat nij oan it museum wie en tige bysûnder yn dy tiid, wie dat de ynstelling it besit fan de naasje wie en net, lykas it gefal wie by de wichtige bûtenlânske kolleksjes, fan foarst, tsjerke of partikulier.