Klonen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Daam (oerlis | bydragen)
No edit summary
Daam (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 12:
De moderne technyk om te klonen is '''kearntransplantaasje'''. Dizze technyk wurdt ek wol ‘Somatic cell nucleus transfer’ (SCNT) neamd. Dêrby wurdt de kearn fan in sel fan de genetyske âlder yn fytro ynbrocht yn in ûntkearne [[aaisel]], dy’t dêrnei yn de [[limoer]] fan in ''draachmem'' brocht wurdt. Op dy wize is de [[fuortplanting (biology)|fuortplanting]] troch [[geslachtssel]]len omsyld. Al it erflike materiaal fan de kloon komt fan ién âlder. De earste dy’t dy technyk útstelde wie [[Hans Spemann]], hoewol’t er dy sels nea útfierd hat.
 
It earste sûchdier dat kloond waard troch dizze technyk wie in skiep, troch Steen Willadsen, yn 1984. De kearn dy’t brûkt waard kaam út in embryonale sel. Yn 1987 seagen twa op dizze wize kloonde keallen it libbensljocht. Yn 1996 slagge it Ian Wilmuth foar it earst om in skiep ([[Dolly (skiep)|Dolly]]) te klonen út de kearn fan in folwoeksen hûdsel. Nei Dolly waarden ûnder oare rotten, mûzen, geiten, kij, bargen, kninen, katten, hûnen en apen op dy wize kloond. Dat ferrûn hielendal net probleemleas. De kloontechnyk is yneffisjint, de measte kloonde embryo’s en foetussen stjerre al yn de draachtiid. In soad fan de kloonde bisten blieken net sûn te wêzen. Se hiene ûnder oare lêst fan defekten oan it ôfwarsysteem, problemen mei de fruchtberens, oergewicht, it azemjen en de bloedsirkulaasje, [[Nier (biology)|nier]]- en [[harsens|harsenôfwikings]]. [[Diabetes mellitus|sûkersykte]], fergrutte tongen, ferfoarme antlitten en poaten, iertidich stjerren troch [[longûntstekking]], [[lever]]krupsjes en [[kanker]]. In mooglike ferklearring sit yn it feit, dat se by de berte al koartere [[telomear]]en hawwe. Klonen bringt dan ek in soad [[bisteleed]] mei.
 
Oant op de dei fan hjoed is de wichtichste praktyske tapassing fan it klonen fan bisten de fermannichfâldiging fan bisten dy’t dêrby tagelyk troch [[genetyske technology]] genetysk modifisearre wurde. In kombinaasje fan gentechnology en klonen makket it mooglik om hiel krekt in gen út te skeakeljen, of ta te foegjen, wêrtroch gau [[transgeen organisme|transgene]] bisten makke wurde kinne. Sa binne der bygelyks bargen makke dy’t geskikter binne foar [[ksenotransplantaasje]] en kij dy’t gjin [[gekkekowesykte]] krije kinne. Underwilens begjinne yn de FS de earste produkten fan kloonde bisten op de merk te kommen, wêrûnder fleis dat wol ''kloonfleis'' neamd wurdt.