Hjerstseringen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
L red
Rigel 6:
Namme= Anthriscus sylvestris
}}
 
De '''hjerstsering''' of '''floks''' (''Phlox'', [[Nederlânsk]]: ''Vlambloem'') is in plantegeslacht mei sa'n santich soarten, dy't ta de hjerstseringefamylje hearre (''Polemoniaceae''). It [[Aldgryksk]]e wurd betsjut 'flam', faaks fanwege de flammereade kleur fan de wylde soarte. Floksen wurde in soad as [[fêste plant]] yn de [[siertún]] set. Der binne lykwols ek [[ienjierrige plant|ienjierrige]] soarten. Yn [[Noard-Amearika]] komme 27 soarten foar, dêr't in ferskaat fan yn de [[18e iuw]] al nei [[Europa]] brocht binne. Ut dy soarten binne op't heden goed tûzen [[ras (taksonomy)|rassen]] wûn mei faak readige blommen, mar ek rôze, wite, oranje, fiolette en blauwe komme foar.