Hurdsyldei: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
kt
Rigel 1:
'''Hurdsyldei''' is de beneaming foar de woansdei fan de [[Snitswike]].
 
De Hurdsyldei yn de Snitswike falt elk jier op de [[woansdei]] nei de earste [[freed]] fan [[Augustus (moanne)|augustus]] en fynt syn ûntstean yn it saneamde [[Admiraalsilen]]. Troch de komst fan de [[Frânsen]] oan de ein fan de [[17e iuw]] waarden dizze tradysjes ûnderbrutsen. Neidat [[Jacob Visser]] weromkaam út Frânske kriichstsjinst, waard yn [[1814]] fannijs in sylmiddei organisearre ta fiering fan syn weromkomst. Hjirop waard dizze sylwedstriid alle jierren hâlden op de woansdei dy't it tichste by de jierdei fan de nije foarst [[Willem I fa de Nederlannen|Kening Willem I]]. Dizze dei is yn de rin fan de jierren útgroeid ta wat no de Snitswike hjit.
 
Op Hursyldei is der tsjintwurdich ûnder oare de Fryslân - Hollân race wêryn de [[Friezen]] it tsjin de Hollanners opnimme. Ek wurdt yn it sintrum fan Snits tsjintwurdich in bradery hâlden, neist in soad muzykpoadia dy't der al steane. In soad Snitsers sette dizze dei ek op Kafee "It Ouwe Vat" ta, dêr't de [[Blauhúster Dakkapel]] in tradisjoneel optreden fersoarget.
Rigel 9:
[[Kategory:Sport yn Fryslân]]
[[Kategory:Sportevenemint]]
[[Kategory:Weromkearend evenemint ynsteld yn 1814]]