Stynsgea: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
No edit summary
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 20:
== Tsjerken ==
{{Apart|Augustinitsjerke (Stynsgea)}}
It âldste part fan de Augustinitsjerke is de toer út de [[13e iuw]] en dy hie oant [[1895]] in sealdak. Om [[1350]] hinne waard de [[Gotyk|gotyske]] tsjerke wijd oan [[Augustinus]]. De muontsen fan [[Kleaster Jeruzalim (Gerkeskleaster)|kleaster Jeruzalim]] ([[Gerkeskleaster]]) hawwe him nei alle gedachten boud. Op in tekening út [[1723]] fan [[Jacobus Stellingwerf]] is goed te sjen dat it dak fan de tsjerke leger west hat. By in ferbouwing yn ± 1765 is de kap twa meter ferhege. By de restauraasje fan [[1954]]-[[1957]] kamen resten fan de eardere [[fresko]]'s oan it ljocht. Der binne no skansearre ienfâldige ofbylden fan twa [[Ingel|ingels]] en [[Sint Kristoffel]] te sjen. Yn [[1994]] wie der lykwols al wer in wiidweidige restauraasje nedich.
 
De klok út [[1617]] is getten troch [[Hans Falck fan Neurenberch]] út [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]].