Boergondyske Ryk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
Rigel 6:
Yn de winter fan [[406]] op [[407]] doe't de [[Ryn]] ticht ferzen wie, stutsen grutte kloften Germaanske folken as Boergonden, [[Fandalen]], [[Sueven]] en [[Alanen]] de rivier oer it Romeinske Ryk yn. Der wie sprake fan in folslein folkeferfarren, sawol manlju as froulju mei bern, al harren besit meinimmend. <ref>{{aut|Jack L. Dull & Charles A. Peterson}}, ''Empires Besieged: The Roman Decline'' (Amsterdam 1988) 38. Time-Life Books Inc. ISBN 0705409740</ref>. It Romeinsk gebiet dêr't sy trochlutsen wie it doetiidsk [[Germania Superior]]. It meastepart fan de Boergonden bleau lykwols efter op de linker ouwer fan de Ryn.
It Romeinsk bewâld oan de [[Limes]] (Ryn) stoarte yn en yn de omkrite fan [[Worms (stêd)|Worms]] (''Civitas Vangionum''), hjoeddeisk [[Rynlân-Palts]] waard it earste Boergondyske Ryk stiften. De Romeinen soenen letter besykje harren macht werom te festigjen, mar slaggen dêr lykwols mar heal yn. Keizer [[Flavius Honorius|Honorius]] hie de stipe fan de Boergonden nêdich en slute mei de kening [[Gundohar]] fan de Boergonden yn [[413]] in ferbûn. As ''[[foederati]]'', 'bûnsmaten', waarden sy oan it Romeinske Ryk ferbûn en yn ruil foar militêre stipe koenen sy frij harren gong gean yn it gebiet dêr sy wennen; nei alle gedachten hat de [[kerstening]] fan de Boergonden yn dy jieren úteinset. De Romeinske oerbefelhawwer fan it leger [[Flavius Aëtius]] hat letter yn [[435]] de Boergonden de wacht oan sein doe't sy harren gebiet útwreidzje woenen en it oanswettende Romeinsk gebiet ynfoelen. Aëtius stjoerde in leger [[Hunnen]] as strafekspedysje dêrhinne, dy't by Worms de Boergonden in ferpleterjende nederlaach tabrochten dêr't kening Gundohar by sneuvele en in grut part fan it folk útrûge waard. Letter soe it ryk fan Gundohar en wat der foarfoel as ynspiraasjeboarne tjsinje foar it [[Nibelungenliet]].
 
 
{{commonscat|Kingdom of Burgundy}}
{{Stobbe-skiednis}}
 
 
{{boarnen|boarnefernijing=
Line 30 ⟶ 27:
[[Kategory:Histoarysk lân yn Jeropa]]
[[Kategory:Keninkryk]]
[[Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 407]]
[[Kategory:Bestjoerlike ienheid opheft yn 534]]