Opsterlân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
Rigel 26:
== Skiednis ==
In grûnfynst jout oan dat der 150.000 lyn al bewenning west hat yn Opsterlân, mar der is earst in trochgeande rige fynsten fan 15.000 jier lyn. Fan 1000 f.Kr. oant 1000 n.Kr. hawwe der minsken wenne yn it westlike, lege part fan de gemeente, mar úteinlik wie der safolle oerlêst fan it wetter dat de minsken nei it eastlik part ferhuzen. Dat is de hege grûn dêr't it Alddjip, dat wol sizze, de [[Boarn]] begjint. Yn dy tiid wie dat allegear iepen heidefjild, mei oan de noard- en súdkant [[heechfean]]. Oan it begjin fan de [[18e iuw]] is it heechfean doe ôfgroeven, en dêrfan binne de fearten en wyken noch werom te finen. Ek waard der yn de 18e en 19e iuw in soad bosk oanplante, en dêrtroch is eastlik part fan Opsterlân no sa grien. Yn it westlik part is yn de [[19e iuw]] it [[leechfean]] ôfgroeven en oan't yn de [[20e iuw]] hat men dwaande west mei it drûch meitsjen fan de plassen dy't dêr fan oerbleaunen. Dat part fan de gemeente is no meast greidelân.
 
De [[gritenij]] Opsterlân waard yn [[1851]] in [[gemeente (bestjoer)|gemeente]] nei de ynfiering yn Nederlân fan de [[gemeentewet]] fan [[Thorbecke]].
 
== Taal ==