Putten: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Wwikix (oerlis | bydragen)
kt
Rigel 18:
Putten is dan benammen agrarysk gebiet, wêrby't de measte pleatsen hearre ta it besit fan de kleasters Werden, Elten en Abdinckhof (yn [[Paderborn (stêd)|Paderborn]]). yn [[1559]] draacht it kleaster Werden har besittings oer oan dat fan Abdinckhof, wêrmei't lêstneamd kleaster fierwei de grutste grûneigener wurdt. Oant [[1803]] wurde dizze besittings troch "de Kelnarij" (in rentmaster of ''kellenaar'') bestjoerd. Oan dy perioade bringe yn Putten noch yn it ûnthâld ûnder mear de Kelnarijstrjitte, de Abdinckhofstrjitte en de Paderbornstrjitte.
 
Oan de ein fan de [[16e iuw]] berikt de [[Reformaasje]] Putten, en oant [[1608]] is der in [[roomsk-katolyk]] [[pastoar]] dy't fanút de Pancratiustsjerke wurket. It grutste diel fan de befolking wurdt dan [[protestants]], en mar in lytse roomske kearn bliuwt oer. Yn [[1811]] waard de gemeente Putten oprjochte.
 
Ein septimber [[1944]], tsjin de ein fan de [[Twadde Wrâldoarloch]], wurdt troch de ûndergrûnse yn Putten in oanslach plege op in oantal Dútse offisieren. As ferjildingsaksje wurdt in [[razzia]] útfierd troch de [[Wehrmacht]] en de [[Schutzstaffel|SS]] en wurdt in diel fan it sintrum fan it doarp platbaand. Sjoch hjirfoar it artikel [[Razzia fan Putten]].
Rigel 44:
[[Kategory:Putten| ]]
[[Kategory:Plak yn Putten]]
[[Kategory:Gemeente yn Gelderlân]]
[[Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1811]]