Kleaster Ihlow: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
red
Rigel 1:
[[Ofbyld:Rekonstruksje Kleaster Ihlow.jpg|thumb|250px|Rekonstruksje fan Kleaster Ihlow. Lofts en rjochts binne de ûnderste stikken fan de bakstiennen pylders neimakke. De grutte fan it bouwurk is goed te sjen as men nei de persoan rjochts fan de beam sjocht.]]
 
[[File:Filiation-Ihlow.svg|right|250px]]
'''Kleaster Ihlow''' of '''Monasterium Sanctae Mariae in Schola Dei''' wie in earder [[kleaster]] dat 8 km súd súdwest fan [[Auwerk (stêd)|Auwerk]] yn [[East-Fryslân]] lein hat. It lei tusken de [[sompe]]n, [[fean]]gebieten en taksusbosken fan it 350 ha grutte [[Ihlower Forst]] en waard yn [[1228]] as [[Sistersjenzers|sistersjenzer]] kleaster ''Schola Dei'' stifte. It wie de grutste fan 28 East-Fryske kleasters. De abten fan it kleaster hawwe in grutte rol spile op it kulturele en politike mêd. It kleaster wie de kânselarij fan it bûn fan de [[Upstalbeam]]. De Upstalbeam stie in seis km.benoarden it kleaster. Trijehûndert jier letter waard it by de [[Reformaasje|herfoarming]] (sechtich jier earder as by ús) yn [[1529]] fanwege greve [[Enno II]] ôfbrutsen en ferkocht.
 
Rigel 8:
Yn 1986 waarden de kontoeren fan de kleastertsjerke oanjûn mei in meter heech opmitsele bakstien.<br>
Yn 2005 waard begûn mei in rekonstruksje dy't yn 2009 syn beslach krige. De kontoeren fan de eardere kleastertsjerke binne sichtber makke troch reade stielen freems fan mear as 30 meter heech. De pylders wurde foarsteld as grutte spanten en it dak wurdt oanjûn mei fersinkte stielen balken. Mei in treptoer kin men nei boppe en oer in pear fuotgongersbrêgen nei de dakruter sadat it kleastergebiet oersjoen wurde kin. Yn de krypte is in permaninte tentoanstelling fan archeologyske fynsten: pylderfuotten, sulveren muntsjes. Yn de apsisromte hingje foarstellings fan sistersjenzer kleastertsjerken. Op it paad nei it kleasterplak hinget in baldakyn mei in tekst oer de [[Fryske Frijheid]]. It is makke troch keunsteneresse Monika Kühling.
[[File:Filiation-Ihlow.svg|rightleft|250px650px]]
 
{{boarnen|boarnefernijing=