Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 140:
 
Mar goed, wêr't ik it eins even mei jo oer hawwe woe is dit. Ik gean no alle bouwurken by del, en no kom ik foar de moles twa soarten kategorynammen tsjin, begjinnend mei 'Kategory:Mole' en mei 'Kategory:Mûne'. Ik tocht dat dy mei 'mûne' allegear fan jo wiene. No makket it my it measte net út, 'mole' en 'mûne' binne beide geef Fryske wurden, mar it kin fansels net sa wêze dat der yn 'e kategorynammen twa ferskillende oantsjuttings brûkt wurde. Dat no't ik der dochs by lâns gean, bin ik fan doel om dat rjocht te lûken. Sa't ik sei, it kin my net safolle skele hokker beneaming oft standert brûkt wurdt, mar ik haw even yn 'e kategoryen sjoen, en der sitte folle mear siden yn 'e kategoryen dy't begjinne mei 'mole' as yn dy dy't begjinne mei 'mûne'. Dat poer út it eachpunt fan 'hoe kin ik der sa min mooglik wurk fan ha', woe ik alle kategoryen mei 'mûne' mar omneame ta 'mole'. [[Meidogger:Ieneach fan 'e Esk|Ieneach fan 'e Esk]] ([[Meidogger oerlis:Ieneach fan 'e Esk|oerlis]]) 29 jul 2017, 21.57 (CEST)
 
:Ik fyn it bêst, alhoewol my it wurd "mole" al wat nuver oandocht. Ik wit net wêr't se "mole" sizze en hoe fier it gebrûk fan dat wurd ferspraat is oer de provinsje, mar ik kin it net oars as mûne of moune. As it om it wurk te rêden is wol ik ek wol helpe, mar as it wurd "mole" yn it grutste part fan Fryslân brûkt wurdt, dan is dat wurd de bêste oplossing. Sjoch mar efkes, en as ik wat dwaam moat hear ik dat wol. Groetnis, Romke.--[[Meidogger:RomkeHoekstra|RomkeHoekstra]] ([[Meidogger oerlis:RomkeHoekstra|oerlis]]) 29 jul 2017, 22.43 (CEST)
 
::Tankewol foar jo flugge reäksje, Romke. Tsja, ik ken dan it wurd 'mûne' wer allinnich út boeken. De krite dêr't ik weikom, sis mar de Midden-Klaai, dêr seit elkenien fan 'mole'. Omdat ik ek net wit hokker foarm oft gongberder is, haw ik ris te rie west yn it (digitale) Wurdboek fan de Fryske Taal. Dêr haw ik om neutraal te wêzen op Nederlânsk ''molen'' socht, en doe kaam ik op 'e side 'mole' út: sjoch [http://gtb.inl.nl/iWDB/search?actie=article&wdb=WFT&id=64557&lemmodern=molen "molen" yn WFT]. Sa't jo sjogge wurdt 'mûne' hjir as fariant fan 'mole' jûn, mei dêrby it kommentaar "NKl., deel NWo" (wat ik ynterpretearje as "noardlike Klaai + diel noardlike Wâlden") en mei in justjes oare útspraak "deel NWo, ZWo" (diel noardlike Wâlden + súdlike Wâlden). Ik tink dat se mei noardlike Klaai de Dongeradielen ensfh. bedoele en net de Bjirmen, dêr't ús heit wei kaam, want dy haw ik noait 'mûne' sizzen heard.
 
::Dan soe Fryslân wat dit oangiet dus sa'n bytsje yn twa gelikense helten ferdield wêze: rûchwei eastlik fan Ljouwert 'mûne' en westlik fan Ljouwert 'mole'. Ik haw ek nochris yn it Frysk Hânwurdboek sjoen en yn it Wurdboek Frysk-Nederlânsk. Oeral wurdt by 'mûne' trochferwiisd nei 'mole'. Dêr woe ik dan mar yn meigean troch de foarm 'mole' oan te hâlden foar kategorynammen, salang't jo dêr teminsten gjin beswier tsjin hawwe, en as ik jo boppesteande tekst lês, liket dat net sa te wêzen. Wat jo oanbod fan help oangiet, bêst oanbean, mar safolle wurk is it no ek wer net, dat ik rêd it wol. It soe wol moai wêze as jo nije siden fan bouwurken tenei even "Kategory:Bouwurk út ..." meijaan wolle soene. Groetnis, [[Meidogger:Ieneach fan 'e Esk|Ieneach fan 'e Esk]] ([[Meidogger oerlis:Ieneach fan 'e Esk|oerlis]]) 30 jul 2017, 00.24 (CEST)