Basiliuskatedraal: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
No edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:St_Basils_Cathedral-500px.jpg|thumb|right|200px|Basiliuskatedraal]]
 
De '''Basiliuskatedraal''' is ien fan de meast ferneamde gebouwen fan [[Moskou]] en stiet oan it [[Reade Plein]]. De bou sette útein yn [[1552]] yn opdracht fan tsaar [[IwanIvan de Ferskriklike]] en duorre oantenmei [[1561]]. Reden foar de bou wie de oerwinning fan de Russen op de [[Tataren|Tartaarske]] stêd [[Kasan (stêd)|Kasan]]. De arsjitekt hat nei alle gedachten Posnik Jakowlew west. It ferhaal giet dat him, yn opdracht fan de tsaar, de eagen útstutsen binne om sa foar te kommen dat de arsjitekt ea wer sa'n moai gebou meitsje soe.
 
Offisjeel hiet it gebou de Maria-Foarspraak Katedraal, mar it is ferneamd as Basiliuskatedraal, nei de "hillige dwaas" Wassili, dy't dêr begroefen leit. It monumint is neffens de tradisjoniele Russyske houtarsjitektuer boud. Net earder as yn [[1670]] binne de sipelfoarmige [[koepel]]s beskildere yn ferskate kleuren, dêrfoar wie it gebou wyt mei goudkleurige koepels.