Dronryp: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
L ynfoboks
Rigel 1:
{{Stêd mei flagge|
{{Doarpstabel
| lokaasje Ofbyld= [[File:Map NL Menameradiel Dronryp.png|300px]] |
| doarpsnamme = Dronryp
| flagge Flagge= [[File:Flagge fan Dronryp 2012.PNG|border|125px]] |
Wapen= [[File:Heraldic shield placeholder.png|60px]] |
| wapen = Escudo de armas en blanco.svg
Ynwennertal= 3.500 <small>(2011)</small>|
| lokaasje = Map NL Menameradiel Dronryp.png
Oerflak= 2,14 km² <small>(ynkl. wetter)</small><br> 2,06 km² <small>(allinnich lân)</small>|
| gemeentenamme= Menameradiel
Befolkingstichtens= 1.635,5 / km² |
| teljier = 2011
Stêdekloft= |
| ynwennertal = 3.500
Hichte= |
| webstee = [http://www.dronrijp.com/ Webstee fan Dronryp]
Lân= [[File:Flag of the Netherlands.svg|border|20px]] [[Nederlân]] |
Bestj. ienh. 1= Provinsje|
Namme bestj. ienh. 1= [[File:Frisian flag.svg|border|20px]] [[Fryslân]] |
Bestj. ienh. 2= Gemeente |
Namme bestj. ienh. 2= [[File:Menaldumadeel flag.svg|border|20px]] [[Menameradiel]] |
Stifting= [[Midsiuwen]] |
Tiidsône= [[UTC]] +1 |
Simmertiid= UTC +2 |
Koördinaten= 53°12′N 5°39′E|
| webstee Webside= [http://www.dronrijp.com/ Webstee fan Dronrypwww.dronrijp.com]|
}}
'''Dronryp''', of ek wol '''De Ryp''', is in [[Fryslân|Frysk]] [[doarp]] dat op 'e grins fan 'e [[Bouhoeke]] mei de [[Greidhoeke]] leit, ynklamme tusken de [[autosnelwei]] [[Rykswei 31|A31]] (tusken [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] en [[Frjentsjer]]) oan 'e noardkant, en it [[Van Harinxmakanaal]] oan 'e súdkant. It doarp heart ta de gemeente [[Menameradiel]], dêr't it mei likernôch 3.500 ynwenners (yn [[2011]]) de grutste wenkearn is, noch foàr it haadplak [[Menaam]]. Dronryp genietet ek bûten [[Fryslân]] in beskate bekendheid as it berteplak fan 'e [[18e iuw|achttjinde-iuwske]] [[astronoom]] [[Eise Eisinga]] en de [[19e iuw|njoggentjinde-iuwske]] [[keunstskilder]] [[Lourens Alma-Tadema]].
Line 16 ⟶ 26:
 
==Geografy==
Dronryp beslacht likernôch 214&nbsp;[[hektare|ha]], wêrfan't 9&nbsp;ha út [[oerflaktewetter]] bestiet.<ref>[https://drimble.nl/buurten/19080001/dronrijp.html Statistyske ynformaasje oer Dronryp]</ref> It doarp leit yn it noardwestlike diel fan 'e provinsje [[Fryslân]], op 'e [[Klaaistreek|Klaai]], likernôch 8 km rjocht bewesten [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]. Fuort besiden it doarp leit de âlde súdgrins fan 'e [[Bouhoeke]], dêr't oant in jier as tritich lyn de [[Greidhoeke]] begûn en dy beide [[lânbou]]gebieten mei in frij skerpe demarkaasjeline faninoar skaat waarden. Tsjintwurdich is dy oergong lykwols folle stadiger, mei't yn 'e Bouhoeke it [[greidlân]] optein is, wylst troch de bou fan [[maïs]] no yn 'e Greidhoeke ek wol [[boulân]] foarkomt. Likernôch op datseldichste plak, fuort besuden Dronryp, leit in grut ferhef yn it lân, dat yn 'e lêste [[iistiid]] opsmiten is troch de [[gletsjer]]s, en dêr't no de súdlike tagongswei oerhinne rint.
 
Dronryp hat altyd ta de gemeente [[Menameradiel]] heart, en dêrbinnen grinzget de Rypster [[himrik]] yn it noarden oan [[Menaam]], yn it noardwesten oan [[Skingen]] en yn it easten oan [[Deinum]] en [[Blessum]]. Yn it westen grinzget Dronryp oan it [[Frjentsjerteradiel]]ster doarp [[Sweins]], en yn it suden (fan west nei east) oan 'e [[Littenseradiel]]ster doarpen [[Wjelsryp]], [[Baaium]], [[Winsum (Fryslân)|Winsum]], [[Húns]] en [[Hilaard]]. It doarp Dronryp sels leit ynklamme tusken de [[Rykswei 31]] oan 'e noardkant en it [[Van Harinxmakanaal]] oan 'e súdkant, al stekt de beboude kom in lyts eintsje oer dat wetter hinne út. In kilometer as twa besuden it doarp leit de [[útbuorren]] [[Hatsum]], mei in eigen [[Stasjon Dronryp|stasjon]] oan it [[spoarwegen|spoar]] fan [[Stasjon Ljouwert|Ljouwert]] nei [[Stasjon Harns Haven|Harns]]. Eastlik fan 'e beboude kom, oan it Van Harinxmakanaal, leit [[De Puollen (Dronryp)|De Puollen]], dat foarhinne ek as in útbuorren beskôge waard.
Line 25 ⟶ 35:
 
==Skiednis==
Dronryp waard foarhinne wol "it Fryske Rome" neamd, net om't men der sa [[roomsk-katolisisme|roomsk]] is (al is it noch altyd wol ien fan 'e meast roomske doarpen fan Fryslân), mar om't it krekt as [[Rome (stêd)|Rome]] boud wie op sân [[heuvel]]s, al wiene dy "heuvels" yn Fryslân fansels [[terp]]en. It is net bekend wannear't Dronryp stifte waard, mar dat moat foàr Kristus west hawwe, mei't by [[archeology]]ske opgravings yn 'e ûnderskate terpen in grut ferskaat oan âldheden út 'e [[Romeinske Ryk|Romeinske tiid]] út 'e grûn helle is. Sa kaam by De Puollen geometrysk fersierd [[ierdewurk]] foar 't ljocht dat datearre wurde moat om it begjin fan 'e jiertelling hinne, en smieten de beide Hatsumer terpen (de iene benoarden en de oare besuden it spoar) mar leafst 451 resp. 256 ferskillende Romeinske fynsten op. Dêrûnder wiene in itensiederspot, in gielgoudene [[fingerring|ring]] út 'e [[treddetrêde iuw]], in byldsje fan 'e [[Romeinske mytology|Romeinske oarlochsgod]] [[Mars (god)|Mars]] en fierders [[dakpanne]]n by 't kroadfol.
 
Yn 'e [[Midsiuwen]], doe't yn 'e measte Fryske doarpen ien inkeld [[haadling]]elaach foar master opsloech, lei dat yn Dronryp justjes oars. Der wiene teminsten sân [[state]]s: Fetsa-, Grut Dotinga-, Osinga- en Hobbemastate yn of fuort by de buorren, Foppingastate oan 'e súdkant fan 'e âlde [[Harnzer Trekfeart]], Glinsstate (ek wol it Blauhûs neamd) by De Puollen, en Hommemastate op Hatsum. Om't men sadwaande yn Dronryp tichter op in protsje siet as dat op oare plakken wenst wie, moast der ek better gearwurke wurde om mei-inoar troch de tiid te kommen. Dat liket wûnderwol slagge te wêzen, mei't út 'e saneamde [[benifysjaalboek]]en fan it doarp bliken docht dat frijwol alle (lukrative) tsjerklike amten yn it doarp út 'e eigen rûnte wei beset waarden.