Provinsjehûs fan Fryslân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
Rigel 7:
== Bou en brûkskiednis ==
=== Oant 1580 ===
De kearn fan it hjoeddeiske provinsjehûs is de stedswenning, in soarte [[refúzjehûs]], fan de oerste fan it [[Kleasters yn Fryslân#Augustiner koarhearen en regularissen|Barrakonvint]] yn [[Burgum]]. It gebou stie bekend as "abtshûs", hoewol't it kleaster yn Burgum nea de status fan abdij krigen hat. Mooglik krige it gebou dy namme troch syn mânske ôfmjittings. Tusken 1570 en 1578 wie it gebou ek noch koart yn gebrûk as paleis fan de earste en ienige biskop fan Ljouwert, [[Cunerus Petri]]. Dêrnei kaam in ein oan it brûken fan it gebou troch de tsjerke. Yn 1576 hie Fryslân al de [[Pasifikaasje fan Gint]] tekene en yn 1578 waard de biskop finzen setten troch de steedhâlder [[George fan Lalaing|Rennenberg]]. Op [[23 maart]] [[1579]] bekrêftige Fryslân de [[Uny fan Utert (1579)|Uny fan Utert]] en waarden de tsjerklike besittings ûnteigene. It eardere paleis fan de biskop waard op [[15 maart]] [[1580]] troch de steedhâlder skonken oan de [[Steaten]] fan de [[Hearlikheid Fryslân]], de foarrinner fan de tsjintwurdige [[Provinsjale Steaten]]. Dit as fergoeding foar "prestearde en noch te leverjen kriichstsjinsten en ûnderfûn neidiel". it hûs fan de biskop waard SteatenhûsSteatehûs.
 
=== 1580 - 1896 ===