Harns (gemeente): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L + kaartsje sitewaasje foàr 1971
Rigel 47:
 
==Geografy==
[[OfbyldFile:Nordholland Harlingen 2004 086a.jpg|left|thumb|180px|It [[Stedhûs fan Harns]].]]
De gemeente Harns leit yn it [[noardwesten]] fan 'e [[Nederlân]]ske [[provinsje]] [[Fryslân]], oan 'e [[kust]] fan 'e [[Waadsee]]. De [[haven fan Harns]] wurdt brûkt foar [[fracht]]oerslach en [[fiskerij]]. Ek farre dêrwei de [[fearboat]]en fan [[Rederij Doeksen]] op sawol [[Skylge]] as [[Flylân]]. Oan 'e lânkant wurdt de gemeente anno [[2017]] begrinzge troch de gemeente [[Frjentsjerteradiel (1984-2018)|Frjentsjerteradiel]] yn it [[noarden]] en [[easten]] en troch [[Súdwest-Fryslân]] yn it [[suden]]. Per [[1 jannewaris]] [[2018]] sil Frjentsjerteradiel lykwols opgean yn 'e nije fúzjegemeente [[De Waadhoeke]].
[[Ofbyld:Nordholland Harlingen 2004 086a.jpg|left|thumb|180px|It [[Stedhûs fan Harns]].]]
 
De gemeente Harns beslacht in [[oerflak]] fan yn totaal 387,67 [[km²]]. Dêrfan bestiet fierwei it grutste part, 362,64 km², út it diel fan [[it Waad]] dat ûnder Harns falt, en mar 25,03 km² út [[grûn|lân]]. Der lizze trije plakken yn 'e gemeente Harns: de [[Harns (stêd)|stêd Harns]], dêr't it [[gemeentehûs]] stiet, en de [[doarp]]en [[Mullum]] en [[Winaam]]. Fierders meitsje ek de [[buorskip]]pen [[Almenum]], [[De Blynse]], [[Foarryp]], [[Keningsbuert]] en [[Ungaboer]] diel út fan 'e gemeente.
Rigel 56:
 
Oant djip yn 'e [[tweintichste iuw]] wie it sa dat de gerjochtichheid fan 'e gemeente Harns fuort bûten de Harnzer stedgrinzen einige. Pas yn [[1971]] krige de gemeente gebietsútwreiding yn it neidiel fan 'e doetiidske buorgemeente [[Barradiel]], wêrby't de doarpen [[Almenum]] en [[Mullum]] by Harns kamen te hearren.<ref name="jansma">{{Aut|[[Klaas Jansma|Jansma, Klaas]]}}, ''Friesland en Zijn 44 Gemeenten'', Ljouwert, 1981 (Frysk Deiblêd), ISBN 9 06 48 00 154, s. 26.</ref> Almenum, dat fan âlds in wichtich plak wie, waard neitiid foar in diel ôfbrutsen sadat der nije [[haven]]fasiliteiten oanlein wurde koene. It restant ferlear de status fan [[doarp]] en waard in [[buorskip]].
[[File:Fryslân-Gemeenten (1944-1971) - Harns read.png|left|thumb|250px|De grinzen fan 'e gemeente Harns foàr [[1971]].]]
 
By de grutte [[gemeentlike weryndieling]] fan [[1984]] koe de gemeente Harns fierder útwreidzje en kaam it doarp [[Winaam]], dat earder ta [[Barradiel]] heard hie, derby te hearren. Fierders krige Harns doe ek in grutte stripe [[plattelân]] (sûnder doarpen) yn it easten derby, besteande út gebiet dat earder ta de [[Ferjentsjerteradiel (1851-1984)|âlde gemeente Frjentsjerteradiel]] heard hie.