Menameradiel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L + wat plaatsjes
L + wat foto's
Rigel 47:
==Geografy==
Menameradiel leit yn it [[noardwest]]like part fan [[Fryslân]] en heart foar it meastepart ta de [[Bouhoeke]], mei útsûndering fan guon [[doarp]]en yn it [[súdeasten]] fan 'e gemeente, lykas [[Boksum]] en [[Blessum]], dy't ûnderdiel fan 'e [[Greidhoeke]] binne. Menameradiel wurdt yn it [[noarden]] begrinzge troch de gemeente [[It Bilt]], yn it [[westen]] troch [[Frjentsjerteradiel (1984-2018)|Frjentsjerteradiel]], yn it [[suden]] troch [[Littenseradiel]], yn it [[easten]] troch [[Ljouwert (gemeente)|Ljouwert]] en yn it [[noardeasten]] troch [[Ljouwerteradiel]]. Foar de [[gemeentlike weryndieling]] fan [[1984]] waard it yn it noarden begrinzge troch [[It Bilt]], yn it [[noardwesten]] troch [[Barradiel]], yn westen troch it [[Frjentsjerteradiel (1851-1984)|âlde Frjentsjerteradiel]], yn it [[súdwesten]] troch [[Hinnaarderadiel]], yn it suden troch [[Baarderadiel]], yn it easten troch [[Ljouwert (gemeente)|Ljouwert]] en yn it noardeasten troch [[Ljouwerteradiel]].
[[File:Menaam fan 'e Slappeterpster kant ôf2.jpg|left|thumb|250px|Menaam, sjoen fan 'e [[Slappeterp]]ster kant ôf.]]
 
It [[plattelân]] fan Menameradiel hat in iepen karakter. It uterste noardeasten makket diel út fan 'e saneamde 'nijlannen', de oanslibbe en tusken [[1200]] en [[1500]] [[polder|ynpoldere]] [[klaai]]grûnen fan 'e âlde [[Middelsee]].<ref name="neff-1791>{{Berjocht:NEfF|1791}}</ref> Mear westlik leit in [[kwelderwâl]] fan [[savel]]ige [[grûn]] dy't fan it súdeasten nei it noardwesten troch de gemeente rint en 80&nbsp;sm oant 1.30&nbsp;m heech is. Dêrop binne fanôf inkele iuwen f.Kr. [[terp]]en opsmiten dy't letter ta de doarpe-rige [[Deinum]], [[Marsum]], [[Ingelum]] en [[Bitgum]] útwoeksen is.<ref name="neff-1791/> In twadde kwelderwâl rint fan [[Dronryp]] nei [[Menaam]] en berikt in hichte fan likernôch 1&nbsp;m.<ref name="neff-1791/> Menameradiel [[ôfwettering|wetteret ôf]] fia it [[Van&nbsp;Harinxmakanaal]], de [[Menamer Feart]] en de [[Berltsumer Feart]]. It Van&nbsp;Harinxmakanaal rint by [[Dronryp]] en [[Deinum]] lâns en snijt in lyts súdlik part fan 'e gemeente ôf fan 'e rest.<ref name="neff-1791/>
[[File:Menaam.JPG|thumb|left|250px|Utsjoch op [[Menaam]].]]
 
===Plakken===
Rigel 56:
== Skiednis ==
Yn it gebiet fan Menameradiel wie al yn 'e [[trêde iuw f.Kr.]] [[terp]]bewenning. Der binne dan ek in protte [[argeology]]ske fynsten dien, wêrûnder [[kremaasje]]resten út 'e [[Romeinske Tiid]], [[urne]]n en [[pot]]ten út 'e [[Iere Midsiuwen]] en, yn [[Dronryp]], in [[goud]]skat fan fjirtich [[munt]]stikken út 'e [[sânde iuw]].<ref name="neff-1791/> Yn 'e [[Midsiuwen]] foarme Menameradiel de noardeastpunt fan [[Westergoa]], dêr't de [[Middelsee]] oergie yn 'e [[Waadsee]]. Yn 'e tiid om [[1100]] hinne is dêr de [[Hegedyk]] oanlein, dy't Westergoa beskerme tsjin 'e [[see]].
[[File:Wegverbetering Dronrijp-Baijum door terp van D. Dijkstra, Hatzum, 16 juli 1934.jpg|left|thumb|250px|Wurk oan 'e wei tusken [[Dronryp]] en [[Baaium]], [[16 july]] [[1934]].]]
 
Oarspronklik hearde Menameradiel binnen Westergoa ta it distrikt fan [[Frjentsjer]]. Doe't dat yn 'e rin fan 'e [[fjirtjinde iuw]] útinoar foel, ûntjoech Menameradiel him ta in selsstannige [[gritenij]], dy't yn [[1401]] foar it earst yn in histoaryske boarne as sadanich neamd wurdt. Mei it tichtslykjen en ynpolderjen fan 'e Middelsee krige Menameradiel der eastlik fan 'e Hegedyk de [[Nijlannen]] by, mar it grutste part dêrfan heart hjoed de dei ta de gemeente [[Ljouwert (gemeente)|Ljouwert]].
Line 65 ⟶ 66:
De [[Gritenij Menameradiel]] waard yn [[1851]] in [[gemeente (bestjoer)|gemeente]] nei de ynfiering yn [[Nederlân]] fan de [[Gemeentewet]] fan [[Thorbecke]]. De grutte [[gemeentlike weryndieling]] fan [[1984]] gie oan Menameradiel foarby om't de gmeente rom boppe de 10.000 ynwenners siet, wat doe as minimum oanholden waard. Op [[1&nbsp;jannewaris]] [[2018]] sil Menameradiel lykwols by in nije gemeentlike weryndieling yn 'e mande mei [[Frjentsjerteradiel]], [[It Bilt]] en fjouwer doarpen yn noardlik [[Littenseradiel]] opgean yn 'e nije fúzjgemeente [[De&nbsp;Waadhoeke]].
[[File:Marssum, Poptaslot westzijde 1982 RM28623 (2).jpg|thumb|right|250px|It [[Poptaslot]] yn [[Marsum]].]]
[[File:Slappeterp, de Slappeterpster toer2.jpg|right|250px|thumb|De [[Tsjerke fan Slappeterp]].]]
[[File:Boksum Friesland.jpg|thumb|right|250px|Utsjoch op [[Boksum]].]]
[[File:Dronryp d'âlde wite.JPG|thumb|right|250px|It symboal fan [[Dronryp]]: [[d' Alde Wite]].]]