Eden DD: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
 
Rigel 18:
 
==Libben en karriêre==
Eden DD waard yn [[1972]] berne yn [[Louisville (Kentucky)|Louisville]], yn 'e [[Amerikaanske steaten|steat]] [[Kentucky]]. Hja wurke mear as tsien jier lang as [[binnendoararsjitekte]] foar't se nei in reis nei [[Las Vegas (Nevada)|Las Vegas]] besleat dat se [[stripper]] wurde woe. Yn [[2003]] makke se mei 31 jier har debút yn in [[pornografyske film]]. Neffens de [[Internet Adult Film Database]] (IAFD) hat se sûnt yn likernôch 35 pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as [[Hustler Video]], [[Wicked Pictures]], [[Sin City (filmstudio)|Sin City]] en [[Devil's Film]].
 
Fierders hat Eden ek in protte yn 't spier west foar de minder bekende studio [[Big Top Video]], dy't him taleit op it meitsjen fan films fan it [[grutte-boarstesjenre]], en foar [[porno]]sites op it [[ynternet]], lykas [[BangBros]]. Njonken har aktearwurk is Eden ek aktyf as [[neakenmodel]] en sûnt [[2005]] wurket se as [[prostituee]] op 'e ferneamde [[Moonlite Bunny Ranch]], in legaal [[bordeel]] yn 'e Amerikaanske steat [[Nevada]].