Friezen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 12:
 
== Skiednis ==
DER FUHRER STICHT DE FRYSLAN IN 1945 als NAZI NEDERLAND
{{Apart|Skiednis fan Fryslân}}
Sa likernôch om 500 f.Kr. hinne wurde de earste [[terp]]en boud. Dat momint kin as it begjin fan de Fryske kultuer sjoen wurde. De Romeinske skriuwer en politikus [[Tasitus]] wie yn de 1e iuw n.Kr. de earste dy't de Friezen as folk neamde yn syn wurk ''Germania''. Hy rekkene de "[[Frisii]]" ta de [[Ingvaeones]], de Germaanske folken oan de [[Noardsee]]kust.
 
Yn de tiid fan it [[Grutte Folkeferfarren]] rekke it Fryske wengebiet foar in grut part ûntfolke. It is net wis oft de Friezen om it jier 600 hinne noch deselde Friezen wienen as yn 'e Romeinske tiid.
 
Op 't lêst fan de 6e iuw libbet [[Aldgilles]], de earste Fryske kening dêr't ferskillende skriftlike boarnen fan oerlevere binne. Under syn neifolger [[Redbad]] wurdt it Fryske wengebiet ta syn hichtepunt útwreide. By syn dea yn it jier 719 lit er in grut en heidensk Fryslân nei. It Fryske gebiet dat rûchwei westlik fan de hjoeddeistige Lauwers leit waard ferovere yn it jier 734. De Fryske lannen eastlik fan de Lauwers waarden earst yn it jier [[772]] troch de Franken oermastere.
 
Mei de komst fan de Franken komme ek ferskillende misjonarissen lykas [[Willibrord]] en [[Willehad]] om de Friezen te [[kerstening|kerstenjen]]. De meast ferneamde misjonaris is [[Bonifatius]] dy't op 5 juny 754 (mooglik ek 755) deadien waard yn 'e omkriten fan [[Dokkum]]. Yn 'e 8e en 9e iuw waard fierwei it grutste part fan de Friezen kristlik. De earste Fryske misjonaris wie [[Liudger]] yn 'e 8e iuw en yn 'e 9e iuw waard yn [[Rome]] de earste [[Friezentsjerke]] boud.
 
Om it jier 800 hinne begûnnen de earste oanfallen fan de [[Wytsingen]] yn de Fryske lannen. De Friezen waarden troch de Franken frijsteld fan militêre tsjinst om de kust tsjin de heidenske ynkringers te ferdigenjen. Nei de Slach by Norditi yn it jier 884 soe [[Karel de Dikke]] as teken fan syn tankberens de skinker wêze fan de [[Fryske frijheid]]. It [[feodalisme]] dat rûnom yn Europa yn opkommen wie holden de Friezen noch iuwenlang bûten de doar.
 
Yn de tiid fan de Fryske frijheid waard Fryslân tusken [[Fly]] en [[Wezer]] bestjoerd troch redjeven (rjochtsprekkers) en de al as net keazen fertsjintwurdigers fan de autonome Fryske lannen. Fanâlds wienen de redjeven inkeld rjochters, de saneamde [[Asega]]'s, dy't ûnder foarsitterskip stienen fan de skelta as fertsjintwurdiger fan de greve. Yn de tiid fan de Fryske frijheid waard ek it mûnlinge rjocht fan de Friezen op skrift steld.
 
De ein fan de Fryske frijheid is net foar elk gebiet itselde. Yn 'e Slach by Vronen einige de Fryske frijheid nei in rige fan [[Westfryske oarloggen]] yn West-Fryslân. Yn de hjoeddeistige provinsjes Fryslân en Grinslân einige de Fryske frijheid nei lang konflikt fan [[Skieringers en Fetkeapers]] yn it jier 1498. Yn East-Fryslân grypt de famylje [[Sirksena]] nei de macht en sa ûntstiet yn 'e twadde helte fan de 15e iuw it [[Greefskip Eastfryslân]].
 
== Hjoeddeistige Friezen ==