Brieven fan Paulus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Rigel 1:
De '''''Brieven fan Paulus''''' of de '''''Paulinyske Brieven''''' (yn ingere sin) beslane 9 fan 'e 21 [[brieven yn it Nije Testamint|brieven]] yn it [[Nije Testamint]] fan 'e [[kristendom|kristlike]] [[Bibel]]. Dat binne brieven dy't skreaun binne troch de [[apostel]] [[Paulus]] oan ier kristlike gemeenten yn [[Rome (stêd)|Rome]], [[Lyts-Aazje]] en [[Grikelân]]. Yn bredere sin hearre ek de 5 ''[[Pastorale Brieven]]'' ta de ''Brieven fan Paulus'', mei't Paulus ek dêrfan de [[auteur]] wie. Under de ''Brieven fan Paulus'' binne guon fan 'e ierste kristlike dokuminten, dy't in seldsum ynsjoch jouwe yn 'e leauwenswrâld fan en de strideraasjes mank de iere kristenen. As ûnderdiel fan 'e [[kanon]] fan it Nije Testamint foarmje se boppedat in wichtich part fan 'e grûnslach fan it kristlik [[leauwe]]. Se besteane út kristlike leare, rie, ûnderrjocht en it oplossen fan in soad foarkommende swierrichheden yn ier kristlike mienskippen.
 
==Opsomming==
De folsleine opsomming (neffens de folchoarder sa't dy oanholden wurdt yn it Nije Testamint fan 'e [[Nije Fryske Bibeloersetting]] fan [[1978]]) is sa:
* de ''Brieven fan Paulus'' (yn ingere sin)
** it ''[[Brief oan de Romeinen]]'' (''Romeinen'')
** it ''[[Earste Brief oan de Korintiërs]]'' (''1 Korintiërs'')
Rigel 14:
** it ''[[Twadde Brief oan de Tessalonikers]]'' (''2 Tessalonikers'')
 
* de ''[[Pastorale Brieven]]''
** it ''[[Earste Brief oan Timóteüs]]'' (''1 Timóteüs'')
** it ''[[Twadde Brief oan Timóteüs]]'' (''2 Timóteüs'')
Rigel 20:
** it ''[[Brief oan Filémon]]'' (''Filémon'')
** it ''[[Brief oan de Hebreeërs]]'' (''Hebreeërs'')
Hjirby moat oantekene wurde dat yn [[lutheranisme|lutherske]] bibels it ''Brief oan de Hebreeërs'', yn 'e mande mei twa fan 'e ''[[Algemiene Seinbrieven]]'' en de ''[[Iepenbiering fan Jehannes]]'', yn in taheakke hielendal efteroan yn it Nije Testamint pleatst wurdt, mei't [[Marten Luther]] dy teksten as [[apokryf]] beskôge.
 
==Oare brieven fan Paulus==