Aldingelsk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
E-960 (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 14:
}}
It '''Aldingelsk''' ([[Ingelsk]]: ''Old English''; Aldingelsk: ''Ænglisc'') of '''Angelsaksysk''' (Ingelsk: ''Anglo-Saxon'') wie it [[Ingelsk]] sa't dat yn 'e snuorje tusken om-ende-by [[550]] en [[1066]] sprutsen waard yn wat no [[Ingelân]] en [[súd]]lik [[Skotlân]] is. Yn dat tiidrek ûntstie it Ingelsk út 'e [[Germaanske talen|Germaanske]] [[taal|stamtalen]] fan 'e mannemacht nei de [[Britske Eilannen]] ferfearne [[Angelen]] en [[Saksen (folk)|Saksen]]. Yn 't earstoan wiene der fjouwer [[dialekt]]en te ûnderskieden, dy't oerlevere binne fan 'e [[achtste iuw]] ôf. Fan dyselde tiid ôf ûndergie it Aldingelsk in sterke ynfloed fan it [[Aldnoarsk]]. Mei dêrtroch waard yn it Aldingelsk in ferienfâldiging trochfierd dy't bestie út it ferlies of de ôfswakking fan [[namfal]]len en oare [[grammatika]]le [[ferbûging (grammatika)|ferbûgings]]. It Aldingelske tiidrek einige abrupt mei de [[Normandyske Ynvaazje]] fan [[1066]], dy't beskôge wurdt as it begjin fan 'e [[Midingelsk]]e perioade.
[[File:Old norse, ca 900.PNG|thumb|300px|Aldingelsk en oare Germaanske talen yn 'e tsiende ieu.]]
[[File:Germanic_dialects_ca._AD_1.png|left|thumb|230px|De [[areaal|fersprieding]] fan 'e [[Germaanske talen|Germaanske]] [[dialekt]]groepen oan it begjin fan 'e [[Gregoriaanske kalinder|Westerske jiertelling]]. Ut it reade gebiet by de [[Noardsee]]kust lâns, dêr't [[Ingveoanske talen|Ingveoanske dialekten]] sprutsen waarden, kamen yn 'e [[fyfde iuw]] de [[Angelen]], [[Saksen (folk)|Saksen]] en oare lânferhuzers dy't [[Ingelân]] [[kolonisearre]]n.]]
 
== Taalbesibskip en fonology ==